Kim-Lian van der Meij
Kim-Lian van der Meij (Beverwyk, 1 oktober 1980) is in Nederlânsk presintatrise, aktrise, model, sjongster en dûnseresse. Hja briek troch mei rollen yn 'e tillefyzjesearjes Kees & Co. en Costa!, mar wie letter benammen wurksum as presintatrise fan û.o. kwissen, talintejachten en realitytillefyzjeprogramma's. Dêrnjonken boude Van der Meij ek in bloeiende karriêre op as musicalaktrise, wêrby't se û.m. te sjen wie yn De Kleine Zeemeermin, Fame en Shrek de Musical. Fierders is se ek gauris as stimaktrise by de Nederlânsktalige neisyngronisearring fan tekenfilms belutsen.
Kim-Lian van der Meij | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kim-Lian van der Meij | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1 oktober 1980 | |
berteplak | Beverwyk (Noard-Hollân) | |
etnisiteit | Nederlânsk Yndonezysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, aktrise, model sjongster, dûnseresse | |
medium | tillefyzje | |
wurksum by | Jetix, SBS, NCRV | |
bekend fan | Goede Tijden, Slechte Tijden CallTV | |
jierren aktyf | 1996 – no | |
prizen | Miss Fitness Nederlân 1998 | |
offisjele webside | ||
www.kim-lian.nl |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeVan der Meij waard yn 1980 berne yn it Noardhollânske Beverwyk en is foar in part fan Yndonezysk komôf. As bern die se mei oan ferskate pleatslike dûnswedstriden, en teffens oan guon playbackshows. Twa kear, op har sechsde en op har alfde, wie se op 'e tillefyzje te sjen yn 'e Mini-Playbackshow fan Henny Huisman. Doe't se sechstjin jier wie, sette Van der Meij útein om as model te wurkjen. Se posearre foar fotoreportaazjes en reklamewurk, en paradearre as mannekên by moadeshows oer de catwalk. Ek die se oan fitness, en yn 1998, op har achttjinde, wûn se de titel Miss Fitness Nederlân.
Tillefyzjekarriêre
bewurkje seksjeFanôf likernôch 2000 wie Van der Meij as aktrise te sjen yn tillefyzjesearjes lykas de komeedzjesearje Kees & Co. en de jeugddramasearjes Bonbini Beach en Costa! Ek hie se in gastrol yn 'e soapsearje Goede Tijden, Slechte Tijden. Oanslutend wie se aktyf as presintatrise by CallTV en fan 'e kwis Puzzeltijd. Nei't der in pear jier net safolle fan Van der Meij fernommen wie, kearde se op 'e tillefyzje werom as presintatrise fan 'e Kids Top 20, in nij programma op 'e bernestjoerder Jetix. Yn 2006 presintearre se ek Nationale Kids TV.
Yn desimber 2007 die Van der Meij tegearre mei Sipke Jan Bousema de presintaasje fan 'e ynternasjonale finale fan it fyfde Junior Eurofyzjesongfestival yn Rotterdam. Yn 2012 presintearrre hja mei Ewout Genemans ek de ynternasjonale finale fan it tsiende Junior Eurofyzjesongfestival. Yn 2009 hie Van der Meij in rol yn 'e soapsearje Onderweg naar Morgen en presintearre se it spulprogramma Hider in the House by de NCRV. Yn 2011 wie se gastpanellid yn 'e sjuery fan 'e talintejacht Op Zoek naar Zorro. Datselde jiers naam se diel oan it earste seizoen fan 'e nije searje fan it spulprogramma Fort Boyard. It aktearwurk fan Van der Meij út 'e 2010-er jierren omfieme benammen rollen yn bernefilms en bernesearjes. Dêropta wie se ek in protte aktyf as stimaktrise by Nederlânsktalige neisyngronisearrings fan bûtenlânske tekenfilms, lykas yn Tangled (as Rapûnske), Rio (as de pappegaai Jewel), The Smurfs (as Smurfin), Rio 2 (op 'e nij as Jewel) en Ralph Breaks the Internet (wer as Rapûnske).
Yn 2013 presintearre Van der Meij it Gouden Televizier-Ring Gala. Yn 2014 wûn se de nijjiersútstjoering fan Paul de Leeuw syn show Ranking the Stars. Datselde jiers sette se útein mei in nije baan by SBS Broadcasting, dy't û.m. har presintaasje fan 'e rabbersrubryk Shownieuws, op 'e stjoerder SBS 6 omfieme. Fierders presintearre hja op Net 5 yn it neijier fan 2014 it programma Het Geheim van een Goed Huwelijk. Fan ein augustus 2015 ôf presintearre Van der Meij it wyklikse praatprogramma Thuis op Zondag. Oant jannewaris 2016 wie Dirk Zeelenberg dêrby har fêste ko-presintator, mar neitiid gie se allinnich troch. Yn 2022 die Van der Meij mei oan it realityprogramma Wie is de Mol?, wêryn't se de ferliezende finalist wie.
Sjongkarriêre
bewurkje seksjeBij platemaatskippij CNM krige Van der Meij begjin 2000-er jierren de kâns en meitsje har eigen muzykalbum. Har earste single, Teenage Superstar, waard yn oktober 2003 in top 10-hit yn 'e Nederlânske Top 40. Nei noch ferskate oare singles, wêrûnder Hey, Boy! en Garden of Love, kaam yn 2004 Van der Meij har debútalbum Balance út, dat ek ferskynde yn û.m. Belgje, Itaalje, Yndoneezje, Singapoer en Súd-Afrika. Yn 'e simmer fan dat jier publisearre se de single Kids in America, in cover fan in liet fan Kim Wilde.
Yn 2005 rekke Van der Meij lykwols by CNM wei nei't der op artistyk mêd spul ûntstien wie. Dêrnei sette se dermei útein om har muzyk yn eigen behear út te jaan, begjinnend mei de single Road to Heaven en har twadde album Just Do It, beide út 2006. Yn it neijier fan 2009 waard it skeel mei CNM bylein en krige Van der Meij in nij platekontrakt oanbean. Under ynfloed fan har Sweedske frijer socht se dêrnei gearwurking mei de Sweedske sjongster Linda Bengtzing, mei wa't se de single Not That Kinda Girl opnaam en útbrocht yn Nederlân, Flaanderen, Sweden, Noarwegen en Finlân.
Musicalkarriêre
bewurkje seksjeNjonken har wurk as sjongster is Van der Meij ek tige aktyf as musicalaktrise. Ein 2003 spile se de rol fan prinsesse Madelein yn 'e musical Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Mijnheer? Tegearre mei Kathleen Aerts (earder fan K3) fertolke se fierders de titelrol yn 'e musicalferzje fan De Kleine Zeemeermin. Teffens spile se yn 2007 de rol fan Janis yn 'e musical Doe Maar!, wêrnei't se yn 2008 as Carmen yn 'e musical Fame te sjen wie, as de tsjinspylster fan Jim Bakkum.
It earste healjier fan 2009 wie Van der Meij te sjen yn 'e haadrol fan Ariël yn 'e musical Footloose, en fanôf oktober 2010 fertolke se de (op it wite doek troch Reese Witherspoon ferneamd makke) haadrol fan Elle Woods yn 'e musicalferzje fan Legally Blonde. Oanslutend wie se as Roos te sjen yn Daddy Cool. Fan oktober 2012 ôf spile Van der Meij ta einbeslút de haadrol fan prinsesse Fiona yn Shrek de Musical, wêrby't se William Spaaij as tsjinspiler hie.
Oar wurk
bewurkje seksjeVan der Meij hat sûnt 2013 ek in trijetal berneboeken skreaun, wêrfan twa yn gearwurking mei Gitte Spee.
Priveelibben
bewurkje seksjeVan der Meij hat sûnt 2003 in relaasje mei Daniel Gibson, in Sweedske muzykprodusint, mei wa't se yn 'e kunde kaam doe't er har debútsingle Teenage Superstar foar har skreau. Hja hawwe ien dochter en twa soannen. Fanwegen swierwêzen moast Van der Meij yn 2008 har rol yn 'e musical Fame in hoart dellizze, en yn 2013 waard har rol yn Shrek de Musical om deselde reden ferskate moannen oernommen troch Anouk Maas.
Bibliografy
bewurkje seksje- 2013 – Sinterklaas Is een Snoeperd
- 2013 – Dierendorpje (mei Gitte Spee)
- 2014 – Dierendorpje in Rep en Roer (mei Gitte Spee)
Diskografy
bewurkje seksje- albums
- 2005 – Balance
- 2006 – Just Do It
- singles
- 2003 – Teenage Superstar
- 2004 – Hey, Boy!
- 2004 – Garden of Love
- 2004 – Kids in America
- 2006 – Road to Heaven
- 2006 – In Vain
- 2009 – Gemengde Gevoelens
- 2009 – Not That Kinda Girl
- 2012 – Dit Pakt Niemand Ons Meer Af
- 2012 – Break the Ice
- 2014 – Kerstmis Vier Je Samen
Filmografy
bewurkje seksjePresintatrise / dielnimster
bewurkje seksjeFilmografy as presintatrise / dielnimster | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1999–2002 | Call TV | presintatrise | |
2003–2006 | Kids Top 20 | presintatrise | |
2006 | Show Tijd | presintatrise | |
2007 | Junior Eurofyzjesongfestival | presintatrise | ynternasjonale finale, mei Sipke Jan Bousema |
2008 | Ik Hou van Holland | dielnimster | |
2011 | Ik Hou van Holland | dielnimster | |
2012 | Junior Eurofyzjesongfestival | presintatrise | ynternasjonale finale, mei Ewout Genemans |
2014 | Shownieuws | presintatrise | |
2014 | Sterren Springen op Zaterdag | presintatrise | tegearre mei Gerard Joling |
2014 | Beat It | presintatrise | yn 'e mande mei Jan Smit en Gerard Joling |
2014 | Ik Hou van Holland | dielnimster | |
2014 | Het Geheim van een Goed Huwelijk | presintatrise | |
2015 | De Nationale Tweelingtest | presintatrise | tegearre mei Kees Tol |
2015 | Popster | presintatrise | tegearre mei André van Duin |
2015 | De Grote Herkansing | presintatrise | |
2015 | Mindmasters Live | presintatrise | |
2015–2016 | Thuis op Zondag | presintatrise | yn 'e mande mei Dirk Zeelenberg, Patty Brard, Kees Tol, Viktor Brand |
2016–2017 | Zullen We een Spelletje Doen? | presintatrise | yn 'e mande mei Nick & Simon |
2017 | Ninja Warrior NL | presintatrise | tegearre mei Dennis van der Geest |
2017–2019 | Verzamelkoorts | presintatrise | |
2018 | 5 Golden Rings | presintatrise | |
2018 | Stelletje Pottenbakkers! | presintatrise | |
2018 | Mag Ik Jullie Oma Zijn? | presintatrise | |
2019 | De Mannen van Taal | presintatrise | yn 'e mande mei Dennis van de Ven, Jeroen van Koningsbrugge en Nick & Simon |
2019 | Ik Hou van Holland | dielnimster | |
2019 | Helden door de Modder VIPS | presintatrise | tegearre mei Viktor Brand |
2019–2020 | Thank You for the Music | presintatrise | yn 'e mande mei Soundos El Ahmadi, Johnny de Mol, Sanne Hans, Danny de Munk |
2020 | Mensenkennis | presintatrise | |
2020 | Ik Hou van Holland | dielnimster | |
2020 | Lingo Vips | dielnimster | |
2020–no | 50/50 | presintatrise | tegearre mei Winston Gerschtanowitz |
2021 | Five days of Christmas | presintatrise | |
2022 | Wie is de Mol? | dielnimster | ferliezend finaliste |
2022 | Code van Coppens: De Wraak van de Belgen | dielnimster | duo mei Kees van der Spek |
2022 | Waku Waku | dielnimster | |
2023 | In The Picture | dielnimster |
Aktrise
bewurkje seksjeFilmografy as aktrise | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1997 | Goede Tijden, Slechte Tijden | famke | gastrol; ôfl. S7.E160 |
1997 | Kees & Co | Ellen | gastrol; ôfl. Moeders en Dochters |
2001 | Costa! | Evelien | gastrol; ôfl. Zwoele Nachten en Stripteasepillen |
2004 | Costa! | Greetje | fêste rol; 11 ôfl. |
2004 | Kunt U Mij de Weg naar Hamelen Vertellen, Meneer? | prinsesse Madelein Lidwina's dochter |
tillefyzjefilm |
2008 | Kinderen Geen Bezwaar | harsels | gastrol; ôfl. De Kleuren van Kim-Lian |
2009–2010 | Onderweg naar Morgen | Linda Smit | fêste rol; 41 ôfl. |
2012 | The Passion 2012 | foarbygongster | tillefyzjespecial |
2014 | Fashion Planet | Nathalie-Jane Johansson | fêste rol; 8 ôfl. |
2015 | Danni Lowinski | Hetty Abbink | gastrol; ôfl. Slachtoffers en Daders |
2013–2016 | De TV Kantine | Chantal Janzen ferskate oare rollen |
weromkearende rol; 5 ôfl. |
2017 | Dokter Tinus | Nienke Klaverblad / Natalie Fischer | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2017–2020 | Rapunzel's Tangled Adventure | Rapûnske | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2018 | Zomer in Zeeland | Brechtje | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2019 | De Club van Lelijke Kinderen: De Staatsgreep | einredaktrise | fêste rol; 8 ôfl. |
2022 | The Passion 2022 | Marije Magdalena | tillefyzjespecial |
films | |||
2005 | Chicken Little | Abby Mallard | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2010 | Tangled | Rapûnske | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | Rio | Jewel | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | The Smurfs | Smurfin | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | Hop | ûnbekend | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2011 | The Smurfs: A Christmas Carol | Smurfin | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring; koarte film |
2012 | Tangled Ever After | Rapûnske | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2013 | De Smurfen 2 | Smurfin | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2014 | Rio 2 | Jewel | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2015 | Apenstreken | Madeleine | |
2016 | Hartenstrijd | Puf Juf | |
2017 | Tangled: Before Ever After | Rapûnske | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2017 | Bigfoot Junior | ûnbekend | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2017 | Talent is Everywhere | harsels | koarte film |
2018 | Ralph Breaks the Internet | Rapûnske | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring |
2019 | Duck Duck Goose | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring | |
2020 | Bigfoot Family | as stimaktrise yn 'e Nederlânsktalige neisyngronisearring | |
2021 | Just Say Yes | Guusje |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan Kim-Lian van der Meij
- (in) Folsleine filmografy fan Kim-Lian van der Meij yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|