Single (muzyk)

muzyk

In single (útspr.: ['sɪŋɡəl], likernôch "sing-g'l"; Ingelsk foar "inkel[tsje]") is in lûdsdrager dêr't mar ien of twa lieten fan in sjonger, muzikant of band op steane. It is de goedkeapere wjergader fan it album. De term 'single' wurdt tsjintwurdich lykwols faker yn oerdrachtlike sin brûkt om ien inkeld nûmer fan in album oan te tsjutten, dat apart útbrocht wurdt by wize fan promoasje fan dat album. De populêrste singles wurde opnommen yn 'e hitlisten, lykas de Nederlânske Top 40, de Single Top 100 en de Mega Top 50. Se wurde dan faak ôfspile op radio- en tillefyzjestjoerders dy't har spesifyk talein hawwe op muzyk, lykas MTV, 538, 3FM en Sky Radio.

In finylsingle, oftewol in 45-toereplaat.

Singles yn 'e tradisjonele sin fan lûdsdragers befetsje almeast in haadnûmer dat earder al as ûnderdiel fan in album útbrocht wie of dat letter noch as ûnderdiel fan in album ferskine sil. Faak is dat liet sa oanpast dat it oantrekliker is om op 'e radio ôfspile te wurden (in radioferzje) of oars binne der faak in aparte radioferzje of ien of mear oare remixen oan tafoege. Fierders stiet op singles ek faak noch in folslein oar nûmer, dat fan âlds de B-kant neamd wurdt.

Fan oarsprong waarden singles ntl. útbroch op grammofoanplaten dy't makke wiene fan finyl. Dy wiene op platespilers twasidich ôfspylber en draaiden yn 'e regel op 'e fluggens fan 45 toeren (oftewol 45 rpm). De kant dêr't it haadnûmer op stie, hiet dan de A-kant, en op 'e oare kant, dy't de B-kant of de flipside neamd waard, foege men dan in twadde, minder 'hitgefoelich' nûmer ta. Hoewol't singles tsjintwurdich op cd's útbrocht wurde, dy't mar inkelsidich ôfspylber binne, is de âlde terminology fan 'A-kant' en 'B-kant' yn gebrûk bleaun.

Yn 'e jierren sechstich fan 'e tweintichste iuw waarden der trouwens ek wol singles útbrocht mei trije nûmers derop, dy't men 'maxi-singles' neamde. Tsjintwurdich ferskine ek wol cd's dy't fjouwer oant seis nûmers befetsje en ep's (extended plays) neamd wurde. Fanwegen de opkomst fan mp3's en it muzykdielen fia it ynternet wurdt de merk foar singles sûnt likernôch 2010 almar lytser. Yn it ferlingde dêrfan wurdt tsjintwurdich in muzykdownload, d.w.s. in fan it ynternet download eksimplaar fan it nûmer, ek wol as single beneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.