Haadmenu iepenje

In debút (fan it Frânske début, "begjin") is in beneaming foar elts earste iepenbiere optreden fan in beskate soarte troch in persoan, en fan eltse earste publikaasje fan in persoan. Sa kin in debút de earste filmrol fan in akteur wêze, de earste kear dat in kabaretier op 'e planken stiet, de earste roman fan in skriuwer, it earste album of de earste single fan in sjonger, de earste kear dat in sporter meidocht oan 'e Olympyske Spullen of de earste kear dat in fuotballer foar syn nije klup útkomt. It ferrjochtsjen fan sa'n hanneling wurdt debutearjen neamd, en dejinge dy't it docht, is in debutant.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: