Ofstamming

(Trochferwiisd fan Komôf)

Ofstamming, of ek wol jins komôf, is de delgeande line fan bloedsibskip tusken ferskillende generaasjes. Dit begryp is sawol yn 'e biology as yn 'e antropology tige wichtich. Yn 'e biology berêst de evolúsjeteory fierhinne op it idee fan mienskiplike ôfstamming. Yn 'e antropology bepaalt ôfstamming foar in grut part de sosjale bân dy't tusken minsken bestiet troch in besibskip. Hoewol't dy bân, alteast by bloedsibskip, basearre is op genetyske famyljerelaasjes, is it dochs benammen in kultureel ferskynsel, mei't famyljerelaasjes yn ferskillende kultueren ferskillend ynterpretearre en kategorisearre wurde. Nettsjinsteande dat spilet ôfstamming faak in grutte rol by de oerdracht fan rjochten, plichten en funksjes.

By patrilineêre ôfstamming kriget men troch ôfstamming it lidmaatskip fan 'e manlike ôfstammingsgroep (oftewol de famylje fan jins heit). Dat is bygelyks sa yn Westerske maatskippij, dêr't bern dy't fuortkomme út in houlik of oare seksuële relaasje ta de famylje fan 'e heit rekkene wurde en dêrom ek dy syn efternamme krije. (Mei resinte oanpassings yn it houliksrjocht is dat yn Nederlân en guon oare lannen trouwens net mear folslein fanselssprekkend.) By matrilineêre ôfstamming is it krektoarsom en kriget men troch jins ôfstamming it lidmaatskip fan 'e froulike ôfstammingsgroep (oftewol de famylje fan jins mem).

Njonken dizze beide foarmen fan unilineêre ôfstamming is ek dûbel-unilineêre ôfstamming mooglik, wat betsjut dat beskate rjochten patrilineêr (fia de heit) trochjûn wurde, en oaren matrilineêr (fia de mem). Der wurde lykwols ek binnen unilineêre ôfstammingsgroepen troch it proses fan kompemintêre filiaasje rjochten oerdroegen oan famyljeleden dêr't men gjin biologyske (mar wol sosjale) besibskip mei ûnderhâldt, en dy't bûten de eigentlike ôfstammingsgroep falle. Dêrby kin men tinke oan styfbern, pleechbern en adopsjebern. By bilaterale ôfstamming, ta einbeslút, wurde de manlike en froulike ôfstammingsgroepen as lykweardich beskôge, en makket men troch ôfstamming diel út fan beide.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Kloos, P., Culturele Antropologie: Een Inleiding, 2002 (Koninklijke Van Gorcum).
Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes