In beppe of oate is in frou mei in soan of dochter dy't sels bern hat, of, beskreaun fanút it eachpunt fan sokke bernsbern (of beppesizzers), de mem fan ien fan jins âlden. Dit is in foarm fan twaddegraads besibskip. It eigenskipswurd dat by 'beppe' heart, is beppich of beppe-eftich. De manlike wjergader fan in beppe is in pake. Tegearre foarmje pake en beppe in generaasje yn in minsklike famylje. Fanút it eachpunt fan 'e beppesizzers besjoen is de mem fan in beppe de oerbeppe, en dy har mem de betoerbeppe of oeroerbeppe (sjoch fierder de list fan beneamings foar generaasjes). It foarheaksel "bet-" yn "betoerbeppe" komt fan "better", "mear".[1]

In beppe bakt koekjes mei har beppesizzer.

Yn in bredere betsjutting kin de beneaming 'beppe' ek brûkt wurde (as ferwizing nei, sawol as oansprektitel foar) elts willekeurich âldwyfke. As oansprektitel is it tige familiêr, en de toan fan 'e útspraak bepaalt dêrby oft dat freonlik of húnjend bedoeld wurdt. It kin nammentlik sawol in poppenamme wêze foar in frou op jierren mei wa't men befreone is en foar wa't men in protte respekt hat, as bedoeld wêze as mislediging wêrby't de oandacht fêstige wurdt op 'e âlderdom fan 'e frou yn kwestje. Fierders wurdt in famke dat al jong te wrâldwiis oandocht, wol in 'bepke' neamd.

Yn prinsipe hat eltse beppesizzer twa beppes. It kin fansels wêze dat dat net sa is om't ien fan beiden al ferstoarn is. En trochdat it sûnt de ynfiering fan it homohoulik ynboargere rekke is dat homo's en lesbiënnes gesinnen stiftsje, sil de fanselssprekkendheid fan it hawwen fan twa beppes meitiid grif feroarje. Om 'e beide beppes útinoar te hâlden, wurdt yn 'e regel troch de beppesizzer sels of op inisjatyf fan dy syn/har âlden in ekstra oantsjutting tafoege. Dêrby kin it gean om 'e foarnamme fan beppe ("beppe Lys" en "beppe Detsje") of om 'e efternamme ("beppe Stoker" en "beppe Folkertsma"). Ek kin it ûnderskie lykwols makke wurde troch net drekt foar de hân lizzende saken, lykas it wenplak ("beppe Wier" en "beppe Terherne"), in bysûnderheid dy't de beppesizzer oan beppe opfallen is ("beppe krolspjelde" en "beppe bril") of it feit dat der mar ien beppe is fan wa't de man noch libbet ("beppe fan pake"). In oare praktyske oplossing kin wêze om nei ien beppe te ferwizen as "beppe" en nei de oare as "oate", of, as it om in Hollânske beppe giet, as "oma" of "opoe".

De beppe dy't it wrâldrekôr yn 'e hannen hat de jongste beppe fan 'e wrâld te wêzen, is Rifca Stănescu, in Roma-famke út Roemeenje, dat mei 12 jier har earste bern te wrâld brocht, in famke dat Maria kaam te hjitten. Dy Maria brocht sels yn 2011 har earste bern te wrâld, doe't se 11 jier wie, wêrmei't Rifca mei 23 jier beppe waard.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, Jan de, en Tollenaere, F. de, Etymologisch Woordenboek, Utert, 2004 (Het Spectrum), ISBN 9 02 74 91 992.
  2. Woman, 23, Becomes World's Youngest Grandmother, op Fox News, 7 maart 2011

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.


Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes