Funksje (posysje)

In funksje of amt, soms ek betrekking neamd, is in posysje foar in persoan binnen in beskaat domein, dêr't in samling taken, rjochten en plichten oan ferbûn is. It domein is dêrby faak in organisaasje, lykas in bedriuw, in feriening, in stifting of de oerheid, mar it kin ek bygelyks om in projekt gean. In funksje of amt ûnderskiedt him benammen fan in berop trochdat it te spesifyk en koart duorjend is om as sadanich beskôge te wurden. Immen dy't in funksje beklaait, is in funksjonaris.

Om in foarbyld te jaan: as immen boargemaster of minister is, kin sa'nent dat net as berop opjaan. Hy of sy is dan fan berop in politikus, mei (foar in fêststelde termyn) de funksje fan boargemaster of minister. Itselde jildt by in heechlearaar, by wa't it heechlearaarskip in funksje is dy't fuortkomt út syn of har berop, dat bygelyks taalkundige, natuerkundige of teolooch wêze kin. In funksje is ek wat oars as in rang. As men by de kriichsmacht tsjinnet (en dat docht as beropsmilitêr ynstee fan tsjinstplichtige), is jins berop militêr. Jins rang kin dan bygelyks soldaat, sersjant of generaal wêze. In soldaat kin de funksje hawwe fan skerpskutter, in sersjant kin de funksje hawwe fan kertiermaster en in generaal kin de funksje hawwe fan stêfsjef fan 'e lânmacht. By funksjes yn frijwilligerswurk, lykas it foarsitterskip fan in feriening, spilet fierders ek mei dat men foar sokke funksjes net betelle wurdt en sokke funksjes dus ekonomysk sjoen gjin berop wêze kinne.

De funksje dy't immen hat, bepaalt foar in diel syn of har sosjale status, om't fan 'e funksje ôfhinklik is hoefolle ynfloed en ferantwurdlikheden hy of sy hat, hoefolle lju der ûnder him of har wurkje, hoe heech oft syn of har ynkommen is en hoefolle oft hy of sy bydraacht oan 'e maatskippij. Men sprekt sadwaande fan in 'hege funksje' as in persoan in boppegemiddeld ynkommen en in protte ynfloed hat.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sterkenburg, prof. dr. Piet van, et al., Van Dale Groot Woordenboek Hedendaags Nederlands, Utert/Antwerpen, 2002 (Van Dale Lexicografie), ISBN 9 06 64 81 447, s. 63 (ambt) en s. 436 (functie).