Skerpskutter
In skerpskutter is in militêr of plysjeman dy't spesjalisearre is yn it fan grutte ôfstân ôf reitsjen fan syn of har doel mei in projektylwapen. Dêrby giet it yn 'e regel om in gewear, en faak om in spesjaal oanpast skerpskuttersgewear. De termen 'skerpskutter' en 'slûpskutter' wurde gauris trochinoar brûkt, hoewol't se in danich ferskillende betsjutting hawwe. Skerpskutters operearje ornaris yn groepsferbân mei oare skerpskutters en/of mei oare troepen. Slûpskutters, oan 'e oare kant, wurkje folslein selsstannich en dogge alle war om ferburgen te bliuwen. Boppedat leverje skerpskutters inkeld presyzjefjoer oer lange ôfstannen, wylst slûpskutters ek geregeldwei ynset wurde foar militêre ferkenning en om koördinaten troch te jaan foar artilleryfjoer of bombardeminten troch de loftmacht.
Yn it leger
bewurkje seksjeYn it leger makket in skerpskutter diel út fan in seksje mei oare soldaten. Syn taak is om doelen op 'e lange ôfstân út te skeakeljen; dêrfoar is hy yn syn seksje de spesjalist. Militêre skerpskutters meitsje yn 'e regel gebrûk fan in repeteargewear, wêrby't eltse patroan hânmjittich laden wurde moat. Sokke wapens hawwe de foarkar om't se stabiler binne by it oerheljen fan 'e trekker. Semy-automatyske wapens foar skerpskutters besteane wol, mar wurde net folle brûkt om't se minder akkuraat binne. Foar 'gewoane' soldaten makket dat net safolle út, om't it ferskil op 'e koartere ôfstân minym is, mar by de ôfstannen dy't skerpskutters oerbrêgje moatte, komt it der op oan.
By de plysje
bewurkje seksjeSkerpskutters by de plysje meitsje meastal diel út fan in tiim mei oare skerpskutters. It is harren taak om, as dat nedich achte wurdt, gefaarlike misdiedigers dy't har middenmank oare minsken befine, mei ien skot bûten gefjocht te stellen. Soks komt bygelyks foar by ûntfierings en gizelings. It útskeakeljen fan misdiedigers troch it ynsetten fan skerpskutters is foar de plysje de alderlêste opsje, dêr't inkeld gebrûk fan makke wurdt as der akkút gefaar driget foar ûnskuldige omstanners en as alle oare mooglikheden, lykas ûnderhannelings, op 'e non rûn binne. De ynset fan plysjeskerpskutters bestiet der sadwaande út om lange tiid efterinoar op strategyske plakken (lykas dakken) postearre te wurden en de sitewaasje fanút dy, faak ferburgen, posysje te observearjen en op oarders te wachtsjen.
As artyst
bewurkje seksjeEk bûten de kriichsmacht en de plysje sjocht men soms wol skerpskutters, dy't dan faak as artyst aktyf binne yn in sirkus of in soartgelikens fermidden. Foarhinne kaam soks mear foar as hjoed de dei. In ferneamde skerpskutter út it ferline wie Annie Oakley, dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw mei de Wyldwestshow fan Buffalo Bill Cody troch de hiele Feriene Steaten en teffens troch Jeropa toerde.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |