Jan Smit
Johannes Hendricus Maria (Jan) Smit (Volendam, 31 desimber 1985) is in sjonger út Nederlân. Jan is de broer fan de wat minder bekende sjongster Monique Smit. Oant 2000 wie syn artistenamme Jantje Smit. Under dy namme krige er yn 1997 lanlike bekendheid troch syn nûmer 1 hit: Ik zing dit lied voor jou alleen.
Jan Smit | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Jan Smit | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johannes Hendricus Maria Smit | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 31 desimber 1985 | |
berteplak | Volendam | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | palingsound, schlager, pop | |
sjongtaal | Nederlânsk | |
ynstrumint | sjongen | |
jierren aktyf | 1996-no |
Karriêre
bewurkje seksjeVolendamske jongeskoar
bewurkje seksjeSmit song fjouwer jier, by it Volendamske jonkjeskoar ûnder de lieding fan Evert Beumer. Hy waard op 10-jierrige leeftyd ûntdutsen, doe't de Volendamske band BZN in duet opnimme woe fan sjongster Carola Smit mei jong pleatslik talint. Jan Smit waard útkeazen om it nûmer te sjongen. It ferske, Mama , kaam te stean op de BZN-CD (“A symphonic Night”) en waard in grut súkses.
1997-2004: trochbraak as Jantje Smit
bewurkje seksjeJantje Smit mocht nei oanlieding dêrfan in solosingle opnimme, produsearre troch trije BZN-leden. Dat ferske kaam te stean op harren CD (“A symphonic Night”).(Ik zing dit lied voor jou alleen) kaam op nûmer ien yn de Nederlânske hitparaden, itjinge noch nea earder foarkaam yn de Nederlânske Top 40. Yn de twa folgjende jierren skoarde Smit noch 5 hits, wêrûnder Pappie, waar blijf je nou allegear nûmers skreaun troch de BZN-leden.
Yn it bûtenlân, yn Belgje, Dútslân, Frankryk, Eastenryk en Itaalje waard er ek populêr. Yn Dútslân ferkocht er tsien Dútsktalige albums.
2005-2007: Gewoon Jan Smit
bewurkje seksjeSûnt 2005 brûkt er de artystenamme Jan Smit en sette er útein mei nije lieteskriuwers en selsskreaune nûmers. Dêrnjonken wie it deistich libben fan Jan te folgjen yn de realitysoap Gewoon Jan Smit. Hy begûn doe ek mear telefyzjeprogramma's te presintearjen. Foar omropferiening TROS presintearre er it programma Muziekfeest op het Plein. Hy waard yn dy snuorje tige populêr en helle er hit nei hit, sa as bygelyks Als de nacht verdwijnt en Laura, dy't it earste plak fan de Single Top 100 helle. Yn 2006 helle er syn tredde en fjirde nûmer 1-hits yn de Nederlânske hitparaden. Als de morgen is gekomen stie fan septimber ôf seis wike lang op ien en yn desimber kaam ek Cupido op ien te stean. Ek yn septimber 2006 sette de twadde searje fan Gewoon Jan Smit útein.
Ek fan septimber 2006 ôf hat winkelketting C&A in klaaiïngline dy't nei Jan Smit neamd waard. Dy kolleksje hiet J-style, dêr't Smit syn persoanlike foarkar oan jûn hie.
Yn 2007 hie er syn fyfde nûmer ien-hit Op weg naar geluk. Fan ein septimber 2007 ôf wie er fannijs op telefyzje te sjen mei in oare realitysoap: Jan Smit, de zomer voorbij. Ek yn dy hjerstmis ferskynde der in nije single fan him: Dan volg je haar benen, en dy kaam yn novimber op nûmer ien yn de hitlisten te stean en wie foar Smit de sechsde nûmer ien-hit yn Nederlân. Op dy single stiet ek Calypso, yn in duet mei de Amerikaanske sjonger John Denver.
2007: stimproblemen
bewurkje seksjeMid oktober waard bekend dat Smit oant ein novimber syn stim net brûke mocht. Der waard in lytse knobbe op syn stimbannen fûn. Alle optredens oant 29 novimber waarden skrast. Fan novimber ôf koe Smit fanwegen in operaasje dêroan in heal jier lang net mear sjonge. Presintaasjewurk foar de TROS en syn nije album moast dêrtroch wachtsje.
Nei acht moanne ôfwêzigens, kaam Smit werom by it konsert op it Museumplein yn Amsterdam op Keninginnedei 2008.
2008-2015: Het Bombardement en 15-jierrich jubileum
bewurkje seksjeOp 14 july 2008 kaam syn single Stilte in de storm op it earste plak. It wie syn sande nûmer ien-hit. Yn 'e hjerstmis fan 2008 wie er fannijs te sjen yn in nij seizoen fan Jan Smit, de zomer voorbij. Op 8 novimber 2008 waard Als je lacht syn achtste nûmer ien-hit. Op 28 febrewaris 2009 wie Je naam in de sterren syn njoggende hit dy't op nûmer ien yn de Single Top 100 kaam.
Op 3 septimber 2009 presintearre er it TROS-programma Ik weet wa jij deed. Dêrnjonken sette er op 20 septimber 209 útein mei it tredde seizoen fan Jan Smit, de zomer voorbij, dy't datkear yn Itaalje opnaam waard. Op 6 maart 2010 kaam Leef nu het kan op it earste plak fan de hitlist. Smit waard nei The Beatles en Marco Borsato de artyst dy't yn Nederlân it langst op nûmer ien stien hat. De single Terug in de tijd fan syn album Leef kaam op 19 juny 2010 yn de hitparade en kaam in wike letter op nûmer twa, syn heechste plak, te stean. Zie wel hoe ik thuiskom kaam op 25 septimber 2010 op it earste plak yn de mega single top 100. Op 15 jannewaris 2011 stie Niemand zo trots als wij ek yn de earste wike op nûmer ien. Op 30 septimber 2011 ferskynde Hou je nog steeds van mij as single en in moanne letter de sammelplaat 15 jaar hits.
Yn 2012 waard syn fyftjinjierrich jubileum gruts fierd. Yn augustus ferskynde it album Vrienden. Ek hie er trije nûmer ien-hits yn dat jier: Echte Vrienden yn in duet mei Gerard Joling; Altijd Daar; en Sla je Armen Om Me Heen mei Roos van Erkel. Yn oktober 2012 fierde er syn fyftjinjierrich jubileum mei in fiiftal konserten yn Ahoy Rotterdam mei meiwurkjen fan Gerard Joling, Yes-R, Carola Smit en Damaru. Ein 2012 spile er de haadrol yn de kriichsfilm Het Bombardement.
Yn 2014 spile er in byrol yn Flikken Maastricht en presintearre er it grutte Gouden Televizier-Ring Gala.
Yn 2015 ferstoar syn muzykmanager Jaap Buijs. Omreden dêrfan sloech er dat jier ien seizoen fan De zomer voorbij oer, en waard de presintaasje fan it Muzykfeest op it plein op It Hearrenfean oernommen troch Frans Duijts.
2016-no
bewurkje seksjeFan 2014 ôf ûntstie 2 Kleine Kleutertjes (2 lytse beukers) nei in idee fan Jan Smit. It wiene filmkes mei ferskes foar beukers en dy krige dûbeld platinum mei in ferkeap fan mear as 800.000 stiks.
Fan septimber 2016 ôf die er syn nije toer Elfstedentour. It jubileumalbum 20 waard yn dat jier nûmer ien yn de Album Top 100. Op 20 septimber 2018 brocht er syn nije album Met andere woorden út mei meiwurkjen fan tolve bekende kollega's lykas Jan Keizer, Barry Hay, Guus Meeuwis, Bløf en Frank Boeijen.
Ek treedt er yn dy snuorje op yn de schlagergroep KLUBBB3 en De Toppers mei Jeroen van der Boom, René Froger en Gerard Joling.
Priveelibben
bewurkje seksjeSmit hat twa susters, ien Monique, sjongt ek Nederlânsktalige lieten.
Hy hie fan 2007 oant en mei 2009 in relaasje mei aktrise en presintatrise Yolanthe Cabau van Kasbergen. Cabau van Kasbergen en hy wennen ek in tal moannen byinoar. Sûnt 2009 hat Smit ferkearing mei Liza Plat. Sy boasken op 11 novimber 2011 op it eilân Sint Marten. Smit en Plat krigen in dochter en in soan. Plat hat ek in soan út in earder houlik.
Yn desimber 2013 waard Smit part fan it bestjoer fan FC Volendam. Hy is ferantwurdlik foar de algemiene saken yn de klup. Mei yngong fan 1 juli 2022 waard er foarsitter fan de klup.
Op 24 april 2020 waard er beneamd ta Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Literatuer
bewurkje seksje- Eddy Veerman (2012) Biografie Jan Smit: Het geheim van de Smit, ISBN 978-9491625008