Gustaaf Stephanus Modestus (Guus) Meeuwis (Mariahout, 23 maart 1972) is in Nederlânsk sjonger en presintator, dy't mei syn begeliedingsband Vagant yn de jierren njoggentich fan de 20e iuw en de earste tsien jier fan de 21e iuw in stikmannich grutte hits skoarde yn Nederlân en Flaanderen.

Meeuwis yn augustus 2007

Biografy yn it koart bewurkje seksje

Guus Meeuwis waard berne yn it pleatslike kleaster fan Mariahout, in doarpke yn de gemeente Laarbeek fan no, dêr't syn âlden harren tydlik deljûn hiene. Meeuwis folge it Stella Maris Kolleezje, en studearre dêrnei yn Tilburch. Op it Stella Maris Kolleezje waard rillegau dúdlik dat Meeuwis artistyk en muzikaal bejeftige wie. Nei in romantysk wykein yn Brugge mei syn freondinne Valérie skreau er it nûmer Het is een nacht. Mei in groep maten wûn Meeuwis yn 1994 mei dit nûmer it earste AHC-Studintesongfestival op de ALSV Quintus yn Leien. Dêrnei krige de groep in platekontrakt oanbean troch talintescout Willem van Schijndel.[1] Sa ûntstie de groep Guus Meeuwis & Vagant (neamd nei it stamkafee fan Guus en syn "studinte"freonen). Dizze begeliedingsgroep bestie yn it earstoan út Marc Meeuwis, Jan Willem Rozenboom, Hugo van Bilsen, Robin van Beek en Dirk Oerlemans. Yn 2001 keas Guus Meeuwis foar in solokarriêre en kaam der in ein oan it bestean fan de band Vagant.

Diskografy bewurkje seksje

Studio-albums bewurkje seksje

Jier Titel Heechste plak
NL BE
1996 Verbazing 1 41
1997 Schilderij 12 -
2001 1 Voor Allen 34 -
2002 Guus Meeuwis 25 -
2005 Wijzer 5 -
2007 Hemel Nr. 7 1 -
2009 NW8 1 -

Live Albums bewurkje seksje

Jier Titel Heechste plak
NL
2006 Live In Het Philips Stadion 6
2007 Groots Met Een Zachte G - Live In Het Philips Stadion 2007 13
2008 Groots Met Een Zachte G - Live In Het Philips Stadion 2008 4
2010 Groots Met Een Zachte G - Live In Het Philips Stadion 2010 -

Sammel albums bewurkje seksje

Jier Titel Heechste plak
NL
2004 10 Jaar Levensecht 1

Singles bewurkje seksje

Jier Titel Heechste plak Album
NL
Top 40
NL
Top 100
BE
Top 50
1995 "Het Is Een Nacht" 1 1 1 Verbazing
1996 "Per Spoor" 1 1 5
"Zo Ver Weg" 3 4 47
1997 "Verliefd Zijn" 36 37 -
"Ik Tel Tot 3" 16 23 - Schilderij
1998 "'t Dondert En 't Bliksemt" 12 15 -
"Ik Wil Met Je Lachen" 19 21 -
1999 "Ze Houdt Gewoon Van Mij" 53 50 - 1 Voor Allen
"Je Hoeft Niet Veel Van Me Te Houden" 54 53 -
2000 "Denk Nou Eens Na" - 74 -
2001 "Op Straat" - 62 -
"Haven In Zicht" - 86 -
2002 "Leve Het Leven" - 70 - -
"Eerste Lief" - 85 - Guus Meeuwis
2003 "Brabant" 48 28 -
"Ik Wil Je" 43 30 -
"Hé Zon" - 94 - -
2004 "Toen Ik Je Zag" - 39 - 10 Jaar Levensecht
2005 "Geef Mij Je Angst" 1 1 -
"De Weg" 7 8 - Wijzer
2006 "Jouw Hand" 30 28 -
"Ik Wil Dat Ons Land Juicht" 5 2 - Live In Het Philips Stadion 2006
2007 "Tranen Gelachen" 1 1 - Hemel Nr. 7
"Proosten" 3 1 -
"Genoten" 44 58 -
2008 "Ik Wil Nog Niet Naar Huis" 33 10 - Live In Het Philips Stadion 2008
2009 "Dat Komt Door Jou" 11 4 - NW8
"Ik Ook Van Jou" 32 39 -
"Laat Mij In Die Waan" 42 6 -
2010 "Schouder Aan Schouder" (mei Marco Borsato) 2 1 - -
"Majesteit" (mei Youp van 't Hek) - 2 -
Nûmer 1 songs 4 6 1
Top 10 songs 9 13 2

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Teffens helte fan it duo De Deurzakkers.