Barry Hay
Barry Andrew Hay (Faizabad, Yndia, 16 augustus 1948) is in Nederlânsk sjonger en gitarist. Hy is bekend as de sjonger fan de Golden Earring.
Barry Hay | ||
sjonger en/of muzikant | ||
James Hetfield yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Barry Andrew Hay | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 16 augustus 1948 | |
berteplak | Faizabad, Yndia | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, Hardrock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Gitaar | |
grutste hit(s) | Dong-Dong-Di-Ki-Di-Gi-Dong, Radar love, Back Home, Twilight Zone, When the lady smiles | |
jierren aktyf | 1968 - No |
Karriêre
bewurkje seksjeGolden Earring (1967-2021)
bewurkje seksjeYn de rin fan de jierren 60 waard Barry Hay sjonger by de Haagske band The Haigs, in popgroep mei wat rûgere muzyk. Yn 1967 waard Hay frêge om Frans Krassenburg te ferfangen by de Golden Earring. In jier letter, yn 'e simmer fan 1968, waard de tsiende single fan de Golden Earring, Dong dong di ki di ki dong, de earste nûmer 1-hit fan de band. Noch fjouwer nûmer 1-hits folgen. Mei de Golden Earring brocht Hay 22 studio-albums en tsien live-albums út.
Solo karriêre
bewurkje seksjeAl fanôf de jierren 70 is Hay op de mominten dat it wat rêstiger is mei de Golden Earring as solo-artyst dwaande. Hy hat solo fjouwer studio-albums útbrocht.
Flying V Formation
bewurkje seksjeFan 2012 ôf begûn Hay in twadde projekt. Mei in tal jongere muzikanten begûn er de Flying V Formation. Mei dit projekt hat Hay oant no ta ien studio-album útbrocht.
Priveelibben
bewurkje seksjeHay waard yn Faizabad, Yndia, berne as soan fan de Skotske kolonel Philip Aubrey Hay en in Nederlânske mem. Nei't syn âlden by inoar wei giene doe't Barry 8 jier âld wie, kaam er mei syn mem nei Nederlân. Yn syn jeugd siet er op in Ingelsktalich ynternaat. Dêrnei folge er in oplieding oan de keunstakademy. Barry Hay boaske op 22 febrewaris 1992 mei Sandra Bastiaan, it pear hat twa dochters.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Miracle Mirror | 1968 | Golden Earring | The Truth About Arthur, I've Just Lost Somebody |
On the Double | 18 april 1969 | Just a Little Bit of Peace in My Heart | |
Eight Miles High | Novimber 1969 | ||
Golden Earring | Septimber 1970 | Back Home | |
Seven Tears | Septimber 1971 | She Flies on Strange Wings | |
Only parrots, frogs & angels | 1972 | Barry Hay | |
Together | Juny 1972 | Golden Earring | Buddy Joe |
Moontan | Septimber 1973 | Radar Love, Candy's Going Bad | |
Switch | Maart 1975 | Tons of Time, Kill Me (Ce Soir), The Switch | |
To the Hilt | Jannewaris 1976 | Sleepwalkin, To the Hilt | |
Contraband | Desimber 1976 | Bombay | |
Grab It for a Second | Septimber 1978 | Movin' Down Life | |
No Promises...No Debts | July 1979 | Weekend Love | |
Prisoner of the Night | Oktober 1980 | Long Blond Animal, No for an Answer | |
Cut | 10 septimber 1982 | Twilight Zone, The Devil Made Me Do It | |
N.E.W.S. | Maart 1984 | When the Lady Smiles, Clear Night Moonlight, N.E.W.S. | |
The Hole | Maaie 1986 | Quiet Eyes, Why Do I, They Dance | |
Victory of Bad Taste | 1987 | Barry Hay | |
Keeper of the Flame | Maaie 1989 | Golden Earring | My Killer My Shadow, Turn the World Around, Distant Love |
Bloody Buccaneers | 19 april 1991 | Going to the Run, Temporary Madness, Pouring My Heart Out Again, Making Love to Yourself, Bloody Bucaneers | |
Face It | Novimber 1994 | Hold Me Now, Johnny Make Believe | |
Paradise in Distress | 12 april 1999 | Paradise In Distress, Whisper in a Crowd | |
Millbrook U.S.A. | 21 febrewaris 2003 | Albino Moon, A Sound I Never Heard | |
The Big Band Theory | 2008 | Barry Hay | |
Tits 'n Ass | 11 maaie 2012 | Golden Earring | Still Got the Keys to My First Cadillac |
Barry Hay's Flying V Formation | 12 maaie 2016 | Flying V Formation | |
For You Baby | 2019 | Barry Hay |