Radar Love
Radar Love is in nûmer dat oarspronklik yn 1973 opnaam is troch Golden Earring en útbrocht op Moontan. Radar Love wie it fjirde nûmer op it album en waard op 4 augustus 1973 útbrocht as earste single fan it album.
Radar Love | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | The Song Is Over | |
artyst | Golden Earring | |
album | Moontan | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
útbrocht | 4 augustus 1973 | |
opnommen | 1973 | |
doer | 6:26 album 3:44 single | |
label | Polydor | |
skriuwer | George Kooymans, Barry Hay | |
produsint | Golden Earring | |
resultaten | ||
hitlisten | Top 40 - 1, Ultratop 50 - 6 |
Oer it nûmer
bewurkje seksjeDe tekst fertelt omtrint in man dy 't op grutte ôfstân sit fan syn freondinne en ûnderweis is nei har. Har leafde is sa sterk dat dat him op de automatyske piloat nei har ta liedt.
Op 11 maart 2021 op de jierdei fan George Kooymans wie om 17.15 oere Radar Love yn hiel Nederlân te hearren op radio - en TV-stjoerders, sels kariljons as earbetoan oan de Golden Earring en oprjochter George Kooymans. [1]
Muzikanten
bewurkje seksje- Barry Hay – Sang, Fluit
- George Kooymans – Gitaar & Sang
- Eelco Gelling - gitaar
- Bertus Borgers - Saksofoan
- Rinus Gerritsen – Bas & Toetsen
- Cesar Zuiderwijk - Drums
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |