Cesar Zuiderwijk
Cornelis Johannes (Cesar) Zuiderwijk (De Haach, 18 july 1948) is in Nederlânsk drummer. Hy is bekend as de drummer fan de Golden Earring.
Cesar Zuiderwijk | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Cesar Zuiderwijk yn 2015 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Cornelis Johannes Zuiderwijk | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 july 1948 | |
berteplak | De Haach | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock, Hardrock | |
ynstrumint | Drums | |
grutste hit(s) | Radar love, Back Home, Twilight Zone, When the lady smiles |
Karriêre
bewurkje seksjeOp syn alfde begjint er mei gitaarspyljen. Nei twa jier stapt er oer op drums. Cesar Zuiderwijk wie drummer by de Haagske bluesband Livin' Blues doe't er yn 1970 frege waard om by de Golden Earring drummer Sieb Warner te ferfangen.
Yn 1985 iepene Zuiderwijk mei bassist Rinus Gerritsen in muzykwinkel yn De Haach. Yn datselde jier spilet Zuiderwijk tegearre mei jazzmuzikant Jasper van 't Hof yn it ienmalige gearwurkingsferbân Labyrinth. Julya Lo'ko wurdt oanlutsen as sjongeres fan dit projekt. Zuiderwijk is ek aktyf as dosint. Hy sjocht yn septimber 1992 in dream útkommen as er mei tûzen drummers op in driuwend ponton op de Maas yn Rotterdam musisearret en Radar Love útfiert.
Yn 2019 sette Cesar Zuiderwijk tegearre mei de Flaamske drummer Mario Goossens fan Triggerfinger útein mei it muzikale projekt Sloper. Yn 2020 brochten se de ep Sloper út.
Mei de Golden Earring hat Zuiderwijk njoggentjin studio-albums útbrocht en mei livin' Blues ien album.
Priveelibben
bewurkje seksjeZuiderwijk is twa kear troud en hat út syn earste houlik twa bern. Nei de skieding troude er yn 2010 wer. Yn 1985 komt Cesar yn it nijs as de plysje nei in ynbraak yn syn hûs op souder in pistoal fynt. Zuiderwijk soe dit jierren earder nei in Amerikaanske toernee meismokkele hawwe yn syn drumstel. Hy wurdt feroardiele ta in moanne finzenisstraf.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
Hell's Session | 1969 | Livin' Blues | |
Golden Earring | Septimber 1970 | Golden Earring | Back Home |
Seven Tears | Septimber 1971 | She Flies on Strange Wings | |
Together | Juny 1972 | Buddy Joe | |
Moontan | Septimber 1973 | Radar Love, Candy's Going Bad | |
Switch | Maart 1975 | Tons of Time, Kill Me (Ce Soir), The Switch | |
To the Hilt | Jannewaris 1976 | Sleepwalkin, To the Hilt | |
Contraband | Desimber 1976 | Bombay | |
Grab It for a Second | Septimber 1978 | Movin' Down Life | |
No Promises...No Debts | July 1979 | Weekend Love | |
Prisoner of the Night | Oktober 1980 | Long Blond Animal, No for an Answer | |
Cut | 10 septimber 1982 | Twilight Zone, The Devil Made Me Do It | |
N.E.W.S. | Maart 1984 | When the Lady Smiles, Clear Night Moonlight, N.E.W.S. | |
The Hole | Maaie 1986 | Quiet Eyes, Why Do I, They Dance | |
Keeper of the Flame | Maaie 1989 | My Killer My Shadow, Turn the World Around, Distant Love | |
Bloody Buccaneers | 19 april 1991 | Going to the Run, Temporary Madness, Pouring My Heart Out Again, Making Love to Yourself, Bloody Bucaneers | |
Face It | Novimber 1994 | Hold Me Now, Johnny Make Believe | |
Paradise in Distress | 12 april 1999 | Paradise In Distress, Whisper in a Crowd | |
Millbrook U.S.A. | 21 febrewaris 2003 | Albino Moon, A Sound I Never Heard | |
Tits 'n Ass | 11 maaie 2012 | Still Got the Keys to My First Cadillac |