Golden Earring wie in Nederlânske hardrockband oprjochte yn De Haach en wie aktyf tusken 1961 en 2021. Golden Earring begûn ûnder de namme The Golden Earrings. Fan 1969 ôf is de band fierder gien ûnder de namme Golden Earring. De band brocht yn 1965 syn debútalbum Just Ear-rings út. Begjin 2021 hâld de band der mei op nei't gitarist George Kooymans de diagnose ALS krigen hie. Golden Earring hat fiifentweintich studio-albums en tsien live-albums útbrocht.

Golden Earring
band
Golden Earring 1974
Golden Earring 1974
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock,
Hardrock
bestean 19612021
label(s) Polydor,
Polygram,
21 Records,
Batabak,
First Quake,
Columbia,
CNR,
Universal
âld-leden Hans van Herwerden gitaar (1962-1963)
Fred van der Hilst drums (1962-1965)
Peter de Ronde gitaar (1963-1966)
Frans Krassenburg sang (1964-1967)
Jaap Eggermont drums (1965-1969)
Sieb Warner drums (1969-1970)
Bertus Borgers saksofoan (1973-1976)
Eelco Gelling gitaar (1973-1978)
Robert Jan Stips toetsen (1974-1978)
leden
Sang &
Gitaar
Barry Hay
Gitaar &
Sang
George Kooymans
Bas Rinus Gerritsen
Drums Cesar Zuiderwijk

De iere jierren

bewurkje seksje

de Golden Earring wurdt yn 1961 oprjochten troch gitarist George Kooymans en bassist Rinus Gerritsen. Fred van der Hilst komt der by as drummer. De band kriget de namme The Golden Earrings nei in nûmer fan de band The Hunters. Begjin 1962 komt Hans van Herwerden as twadde gitarist bij de band. Yn de begjin jierren spylje se foaral noch covers fan bands as The Shadows en The Ventures. Ein 1963 ferlit Hans van Herwerden de band en wurdt opfolge troch gitarist Peter de Ronde. Yn de simmer fan 1964 komt Frans Krassenburg as sjonger by de band. Drummer Jaap Eggermont ferfangt yn de simmer fan 1965 Fred van der Hilst.

 
George Kooymans yn 1974

Yn 1965 falt de band op by Freddy Haayen op dat stuit in staazjerinner fan platelabel Polydor. Hy wit te regelen dat de band in album opnimme kin en datselde jier komt de debút-album fan dan nog The Golden Earrings Just Ear-rings út. De earste single fan it album Please Go wurd de earste top-10 notearring fan de band. Yn 1968 skoarre se har earste nûmer ien hit yn Nederlân mei it nûmer Dong-dong-di-ki-di-gi-dong.

Barry Hay dy't yn 1967 sjonger Frans Krassenburg opfolget, soarget foar in ympuls nei de rûgere muzyk. Mei de feroaring fan it lûd wurde de doarren nei de Feriene Steaten iepenset. Benammen mei de oant trije kertier útlutsen Byrds-klassiker Eight Miles High makket Golden Earring (yntusken sûnder The en 's) yndruk yn de Feriene Steaten, dêr't yn 1969 toerd wurdt fan de eastkust nei de westkust. Drummer Eggermont is yntusken ferfongen troch Sieb Warner, dy 't yn 1970 op syn beurt it fjild romje moat foar Cesar Zuiderwijk. De klassike line-up fan Golden Earring is dan in feit.

 
Rinus Gerritsen yn 2014

Op 18 maaie 1970 trede se op, by de earste edysje fan it festival Pinkpop dan noch yn Geleen. De echte muzikale oergong komt mei de single Back Home in nûmer ien hit yn 1970. De single Radar Love fan it albun Moontan út 1973 en it album sels, forsearje de ynternasjonale trochbraak fan de groep yn Europa; yn it Feriene Keninkryk en de Feriene Steaten krijt de band fêste foet oan de grûn. Moontan wurdt sels goud yn Amearika.

Ynearsten wurdt alles fiksearre op de konsolidaasje fan it Amerikaanske sukses. Om it folle lûd fan it album op it poadium reprodusearje te kinnen wurdt ein 1974 toetsenist Robert Jan Stips oanlutsen. Mei him makket de groep de albums Switch (1975) en it pretinsjeuze To the Hilt (1976). Nei fjouwer jier ferlit Stips de band alwer.

Finansjele malêze

bewurkje seksje
 
Barry Hay yn 2015

De band past it imago oan en feroaret sawol kwa klean- as muzykstyl. Opfolgers fan Radar Love wurde singles as Ce soir (1975), Sleepwalking (1976) en Bombay (1976), mar dy skoare minder heech yn de muzyklisten. De band wit syn posysje yn 'e Feriene Steaten net út te bouwen en hierde limûsines blike foar eigen kosten fan de band te kommen, dy 't dêr jierren letter noch de finansjele gefolgen fan ûnderfynt. It troch stjerproducer Jimmy Io begeleide album Grab It for a Second (1978) wurdt in teloarstelling, wat foar twadde gitarist Eelco Gelling dy 't yn 1973 by de band kaam wie, reden is om de band te ferlitten. De bandleden beslute om op te hâlden mei de Golden Earring, krekt op it momint dat de band nei 20 jier ophâlde soe, behelle Golden Earring yn 1982 in ûnferwachts sukses mei de single Twilight Zone. In suksesfolle toernee troch de Feriene Steaten is it gefolch en nimmen dy 't mear oan ophâlden tinkt.

Yn 1984 behellet de Golden Earring yn Nederlân mei When the Lady Smiles syn fiifde nûmer ien hit. Mar yn de Feriene Steaten bliuwt it sukses wer út radiostasjons draaie it nûmer net en MTV sensurearret de troch regisseur Dick Maas makke fideoclip, en draait sels dizze sensurearre ferzje alline yn de nachtlike oeren. En de band keart definityf werom nei Nederlân.

Barry Hay en George Kooymans rjochten har eigen label Ring Records op, dat gjin grut sukses waard. De Golden Earring BV krige te krijen mei in enoarme belestingoanslach. Fanwegen in besykjen om de bv in Lychtenstein te fêstigjen, waard de band beskuldige fan belestingûntdûking en der folge in ynfal fan de FIOD. Dêrby kaam dat de band, by saakwaarnimmer Willem van Kooten foar in soad tonnen skulden hie, fanwege ûnder oare it 100.000 gûne kostjende fideoklip fan When the Lady Smiles. In fallisemint foar de groep waard ôfwend troch it útbringen fan de "Greatest Hits"-kompilaasje yn 1988.

De jierren 90

bewurkje seksje
 
Cesar Zuiderwijk yn 2015

Yn 1991 ferskynt it album Bloody Buccaneers, dêr't wer oansluting mei socht wurdt mei de muzykstyl út de begjinjierren. De single Going to the Run berikt de top 3 fan de hitlisten yn Nederlân. Utsein it jaan fan elektryske konserten jouwe se fan 1993 ôf ek akoestyske konserten yn teäters. De finansjele soargen dy't it fuortbestean fan de groep jierrenlang teistere hawwe, binne definityf oplost.

Bloody Buccaneers wurdt opfolge troch Face It yn 1994 en it cover-album Love Sweat yn 1995, dêr't covers op steane fan bands dy't de Golden Earring ynspirearre ha. Op it ein fan de jierren 90 ferskynt dan ek noch it album In Paradise in Distress.

Yn it nije milennium wurd foaral in soad optreden wêr ûnder trije kear op Oerrock. Yn 2012 kaam it studio-album Tits 'n Ass út. Op 16 novimber 2019 stie de band yn in útferkocht Ahoy, sûnder te witen dat dit it lêste optreden wêze soe. Ein 2020 die bliken dat gitarist en oprjochter George Kooymans de spiersykte ALS hat. Dit waard begjin 2021 bekend makke en betsjute it ein fan de band. It lêste optreden yn Ahoy is yn 2022 útbrocht op it album You Know We Love You! - Live Ahoy 2019.

  Sjoch Diskografy fan Golden Earring foar it haadartikel oer dit ûnderwerp.

Studio-Albums

bewurkje seksje


Prizen (seleksje)

bewurkje seksje
Edisons
  • 1966
  • 1970
  • 1985
  • 1999, oeuvrepriis
  • 2013, publykspriis bêste album foar Tits 'n Ass
NME Awards
Conamus Exportpriis
  • 1974
  • 1983