2022
jier
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 |
![]() | |
Gregoriaanske kalinder![]() |
2022 MMXXII |
Ab urbe condita | 2775 |
Armeenske kalinder | 1471 ԹՎ ՌՆՀԱ |
Etiopyske kalinder | 2014 – 2015 |
Hebriuwske kalinder | 5782 – 5783 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2077 – 2078 |
- Shaka Samvat | 1944 – 1945 |
- Kali Yuga | 5123 – 5124 |
Iraanske kalinder | 1400 – 1401 |
Islamityske kalinder | 1444 – 1444 |
Juliaanske kalinder![]() |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4718 – 4719 戊丑 – 己寅 |
2022 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2022.)
FoarfallenBewurkje
- jannewaris
- 1 - It Regional Comprehensive Economic Partnership, de grutste frijhannelsône fan 'e wrâld, wurdt yn wurking steld. It gebiet omfiemet Austraalje, Birma, Brûnei, de Filipinen, Fjetnam, Yndoneezje, Japan, Kambodja, Maleizje, Laos, Nij-Seelân, Sina, Singapoer, Súd-Koreä en Tailân.
- 2 - Yn Kazachstan brekke grutskalige protesten út tsjin it regear fan diktator Kassym-Jomart Tokajev. Dy binne yn 't earstoan rjochte tsjin 'e ferheging fan 'e benzineprizen, mar kantsje har de folgjende dagen almar mear oan tsjin 'e korrupsje fan 'e hearskjende elite.
- 6 - Yn Kazachstan wurde de protesten troch de autoriteiten mei grouwélich geweld de kop yn drukt. Guon oare leden fan 'e Kollektive Feilichheidsferdrachsorganisaasje, wêrûnder Ruslân en Wyt-Ruslân, stjoere op fersyk fan presidint Kassym-Jomart Tokajev helptroepen.
- 7 - Der hawwe no wrâldwiid 300 miljoen gefallen fan COVID-19 west.
- 10 - Foar it earst wurdt der mei súkses in bargehert yn in minske transplantearre.
- 10 - Yn Nederlân wurdt nei in formaasje fan 299 dagen (de langste ea) it Kabinet-Rutte IV ynstallearre.
- 15 - In grutte útbarsting fan 'e ûnderseeske fulkaan de Hunga Tonga, yn Tonga, soarget foar tsûnamywarskôgings yn it hiele gebiet fan 'e Stille Oseaan. De skea falt ta, behalven yn Perû, dêr't de weagen in oaljeramp feroarsaakje. De útbarsting easket yn Tonga 5 minskelibbens en oerdekt it lân mei in tsjûke laach giftige fulkanyske jiske, wat foar swierrichheden op it mêd fan drinkwetterfoarsjenning liedt.
- 20 - It Nederlânske online konsuminteprogramma BOOS publisearret in fideo wêryn't ferskate meiwurkers fan 'e tillefyzjetalintejachten The Voice of Holland en The Voice Kids, ûnder wa orkestlieder Jeroen Rietbergen en sjuerylid Ali B, beskuldige wurde fan seksueel oer de grins geand gedrach, wat ta it stopsetten fan 'e programma's en in grut trelit yn 'e media liedt.
- 21 - By in bombardemint troch Saûdy-Araabje fan 'e Jemenityske stêd Saäda, yn it ramt fan 'e oangeande Twadde Jemenityske Boargeroarloch, wurdt de pleatslike finzenis rekke ynstee fan posysjes fan 'e Hûtyrebellen. Der komme teminsten 70 finzenn om.
- 23 - By in steatsgreep yn Boerkina Faso wurdt presidint Roch Marc Christian Kaboré troch it leger ôfset.
- 23 - De tropyske stoarm Ana slacht ta yn it easten fan Súdlik Afrika en easket 115 libbens yn Madagaskar, Malawy en Mozambyk.
- 28 - It tal faksinaasjes tsjin it COVID-19-firus dat wrâldwiid dien is, passearret de 10 miljard.
- febrewaris
- 1 - Denemark heft alle beheinende maatregels yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy op.
- 1 - Eastenryk wurdt it earste lân dêr't faksinaasje tsjin it COVID-19-firus no ferplichte is.
- 3 - By in militêre operaasje fan kommando's fan it Amerikaanske Leger yn it noardwesten fan Syrje komt de lieder fan 'e saneamde Islamityske Steat yn Irak en Syrje, Abû Ibrahim al-Hasjimi al-Koerasji, om as er himsels opblaasd om syn finzenname tsjin te kearen.
- 3 - Yndia wurdt it trêde lân op 'e wrâld nei de Feriene Steaten en Brazylje dêr't no mear as 500.000 minsken ferstoarn binne oan COVID-19.
- 4-20 - Yn 'e Sineeske haadstêd Peking wurde de Olympyske Winterspullen 2022 holden.
- 5 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 900.000.
- 8 - Der hawwe no wrâldwiid 400 miljoen gefallen fan COVID-19 west.
- 15 - De Britske prins Andrew treft in skikking mei Virginia Giuffre, de Amerikaanse dy't him beskuldiget fan seksueel misbrûk by syn besiken oan 'e filla fan miljonêr en sededelinkwint Jeffrey Epstein.
- 17-21 - Yn fiif dagen tiid wurde Nederlân en de rest fan Noardwest-Jeropa troffen troch trije swiere stoarmen: Dudley, Eunice en Franklin. Dêrby falle teminsten 14 deaden.
- 21 - De Russyske presidint Vladimir Pûtin erkent de ûnôfhinklikheid fan 'e selsútroppen republiken Donjetsk en Lûhansk, de gebieten yn it easten fan 'e Oekraïne dy't yn 'e hannen binne fan etnysk Russyske rebellen.
- 22 - De Dútske bûnskânselier Olaf Scholz leit it goedkarringsproses stil fan Nord Stream 2, in nije ierdgaspiiplieding fan Ruslân troch de Eastsee nei Dútslân. Dêrtroch kin dy, hoewol foltôge, foarearst net yn gebrûk nommen wurde. Dit is ien fan 'e sanksjes tsjin Ruslân fanwegen it erkennen fan 'e rebellerepublykjes yn it easten fan 'e Oekraïne. Oare sanksjes fan û.o. de Jeropeeske Uny, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Japan, Kanada en Austraalje treffe Russyske banken en teffens oligargen yn it freonefermidden fan presidint Vladimir Pûtin.
- 24 - Ruslân fiert in grutskalige militêre ynfal yn 'e Oekraïne út. Dêrmei giet de Russysk-Oekraynske Oarloch, dat sûnt 2014 in konflikt mei lege yntinsiteit is, in folslein nije faze yn. Westerske lannen kundigje ekstreme sanksjes tsjin Ruslân oan.
- 25 - Yn it easten fan 'e Oekraïne begjint it belis fan 'e stêd Mariûpol troch Russyske troepen.
- 26 - Dútslân, dat sûnt de Twadde Wrâldoarloch gjin wapens levere hat oan lannen dy't yn oarloch binne, makket in ommeswaai en beslút ta it leverjen fan wapens oan 'e Oekraïne. De Feriene Steaten en de Jeropeeske Uny komme ta oerienstimming om beskate Russyske banken út te sluten fan it ynternasjonaal betellingsferkear by wize fan sanksje foar de Russyske ynvaazje fan 'e Oekraïne.
- 27 - Yn Wyt-Ruslân wurdt in referindum holden wêrby't de befolking ynstimd hawwe soe mei it opheffen fan 'e net-nukleêre status fan it lân en ek mei de permaninte stasjonearring fan Russyske troepen yn it lân. Mei't Wyt-Ruslân in diktatuer is dêr't gjin frije en earlike ferkiezings besteane, is ûndúdlik wat de wiere útslach fan it referindum is.
- 28 - Yn in ienriedigens mei de rest fan 'e Westerske wrâld dêr't gjin presedint foar bestiet, kundigje ek Switserlân, Monako en Singapoer sanksjes ôf tsjin Ruslân omreden fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne.
- maart
- 2 - Neffens de Feriene Naasjes binne al 2 miljoen flechtlingen de oarloch yn 'e Oekraïne ûntflechte troch de grinzen fan buorlannen oer te gean.
- 3 - Yn it suden fan 'e Oekraïne falt de stêd Cherson yn Russyske hannen. Ek de Kearnsintrale Zaporizja wurdt troch de Russen ferovere, wêrby't se de gebouwen fan 'e sintrale mei artillery besjitte. De domdrystens fan dat dwaan wurdt wrâldwiid skande fan sprutsen.
- 4 - Yn Ruslân wurdt in nije wet oannommen, dy't 15 jier finzenisstraf set op it fersprieden fan "nepnijs" oer de "spesjale militêre operaasje" yn 'e Oekraïne. In protte bûtenlânske media-organisaasjes, wêrûnder CNN en de BBC, beëinigje har wurk yn it lân.
- 4-13 - Yn 'e Sineeske haadstêd Peking wurde de Paralympyske Winterspullen 2022 holden. Ruslân en syn bûnsgenoat Wyt-Ruslân wurde omreden fan harren ferantwurdlikens foar de ynfal yn 'e Oekraïne útsletten fan dielname.
- 8 - Ierdoaljemaatskippij Shell, restaurantkeatling McDonald's, frisdrinkenprodusint Coca-Cola en kofjehûskeatling Starbucks lûke har omreden fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne werom út Ruslân.
- 10 - Sily fiert it homohoulik yn.
- 16 - By de gemeenteriedsferkiezings yn Nederlân binne benammen de lokale politike partijen de grutte winners.
- 24 - De NATO makket bekend dat der 40.000 man gefjochtstroepen ekstra stasjonearre wurde sille oan 'e eastflank fan it bûngenoatskip, yn Slowakije, Hongarije, Roemeenje en Bulgarije, yn ferbân mei de nije bedriging dy't Ruslân ynhâldt sûnt de ynfal yn 'e Oekraïne.
- 25 - It regear fan Ruslân makket bekend dat "de earste faze" fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne foltôge is, en dat de striid fan no ôf oan benammen taspitst wurde sil op 'e eastlike Donbas-regio.
- 29 - It regear fan Ruslân kundiget oan dat yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne de oarlochshannelings om 'e Oekraynske haadstêd Kiëv hinne "struktureel werombrocht" wurde sille. Westerske analisten hâlde it derop dat by de Russyske lieding it besef trochkringt dat it mei de hjoeddeistige steat fan it Russyske Leger net mooglik is om Kiëv yn te nimmen.
- april
- 3 - Nei de weromlûking fan Russyske troepen út Bûtsja, in westlike foarstêd fan 'e Oekraynske haadstêd Kiëv, komt oan it ljocht dat dêr 300 oant 400 boargers troch it Russyske Leger fermoarde binne by it saneamde Bloedbad fan Bûtsja. Dat wurdt rûnom oanmurken foar in oarlochsmisdie. Yn 'e Westerske wrâld wurdt skokt reägearre en oproppen ta noch strangere sanksjes tsjin Ruslân.
- 7 - De Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes stimt mei 93 tsjin 24 lidsteaten om Ruslân út 'e Minskerjochteried fan 'e Feriene Naasjes te setten. 58 lannen ûnthâlde har fan stimming.
- 8 - Ruslân kriget rûnom krityk as it in bombardemint útfierd op it treinstasjon fan 'e Oekraynske stêd Kramatorsk. By de oanfal komme 59 boargers om dy't de krite besochten te ûntflechtsjen en reitsje 109 oaren ferwûne.
- 9 - De Pakistaanske premier Imran Khan moat ôftrede nei't er yn 'e Nasjonale Assimblee in moasje fan wantrouwen ferlern hat. Hy wurdt twa dagen letter opfolge troch opposysjelieder Shehbaz Sharif.
- 13 - Der hawwe no wrâldwiid 500 miljoen gefallen fan COVID-19 west.
- 14 - By in Oekraynske raketoanfal wurdt de Moskva, it flaggeskip fan 'e Russyske Swarte-Seefloat, ta sinken brocht.
- 24 - By de twadde omgong fan 'e Frânske presidintsferkiezings ferslacht de sittende sintristyske presidint Emmanuel Macron syn ekstreem-rjochtse útdaachster Marine Le Pen.
- 25 - Miljardêr Elon Musk, wrâlds rykste man, skaft foar $44 miljard it sosjaal medium Twitter oan.
- 27 - Ruslân set de levering fan ierdgas oan Poalen en Bulgarije stil as dy lannen wegerje te beteljen yn roebels. (Yn it kontrakt is fêstlein dat se yn dollars of euro's betelje meie, mar troch de ynternasjonale boycot fan Ruslân yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne kin Ruslân net by tegoeden yn bûtenlânske faluta.)
- 27 - De bitcoin wurdt in offisjele muntienheid fan 'e Sintraalafrikaanske Republyk.
- maaie
- 2 - Ruslân kundiget oan dat it him, omreden fan 'e ynternasjonale sanksjes dy't tsjin it lân ôfkundige binne yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne, binnen twa jier weromlûke sil út 'e gearwurking oangeande romtefeart op it mêd fan it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS.
- 9 - Premier Mahinda Rajapaksa fan Sry Lanka treedt ôf nei oanhâldende en fûleinige protesten tsjin 'e ekonomyske krisis yn it lân.
- 9 - By presidintsferkiezings yn 'e Filipinen wurdt Ferdinand Marcos jr., better bekend ûnder syn bynamme "Bongbong", keazen ta de nije presidint. Hy is de soan fan Ferdinand Marcos, dy't yn 'e 1970-er en 1980-er jierren as diktator yn skrikbewâld fierde yn it lân.
- 12 - Sagittarius A*, in supermassyf swart gat yn it sintrum fan 'e Molkewei, wurdt troch astronomen foar it earst direkt yn byld brocht.
- 12 - Yn 'e Feriene Steaten binne no mear as 1 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19.
- 13 - It frachtskip de Ilse-Marie út Warten fart de Ljouwerter wenwyk Suderbuorren yn as de skipper net goed wurden is, en fernielt dêrby ferskate oanlisstegers en boatsjes.
- 14 - Oekraynske troepen ferdriuwe de Russyske ynfallers út 'e omkriten fan 'e op ien nei grutste stêd fan 'e Oekraïne, Charkiv, en winne sa de Slach om Charkiv.
- 15 - Paus Fransiskus ferklearret Titus Brandsma hillich.
- 16 - De lêste ferdigeners fan 'e Oekraynske stêd Mariûpol, oan 'e kust fan 'e See fan Azov, jouwe har oer oan 'e Russyske ynfallers. Dêrmei komt der nei 82 dagen in ein oan 'e Slach om Mariûpol.
- 18 - Finlân en Sweden freegje it lidmaatskip fan 'e NATO oan, mei't se benaud wurden binne fan 'e agresje fan Ruslân tsjin 'e Oekraïne.
- july
- 1 - Switserlân fiert it homohoulik yn.
BerneBewurkje
FerstoarnBewurkje
- jannewaris
- 4 - Henny Orri, Nederlânsk aktrise (* 1925)
- 9 - Bob Saget, Amerikaansk komyk, akteur en presintator (* 1956)
- 10 - Nils Århammar, Sweedsk taalkundige, spesjalisearre yn it Noardfrysk (* 1931)
- 15 - Frank Leyendekker, Frysk-Amerikaansk boer en hynsteman (* 1928)
- 20 - Meat Loaf (Marvin Lee Aday), Amerikaansk sjonger (* 1947)
- 23 - Jean-Claude Mézières, Frânsk auteur (* 1938)
- 25 - Gert Schutte, Nederlânsk politikus (* 1939)
- febrewaris
- 2 - Klaas Tuinstra, Frysk politikus (* 1945)
- 9 - Sebastian Bieniek, Dútsk keunstner (* 1975)
- 19 - Kakuichi Mimura, Japansk fuotballer (* 1931)
- maart
- 17 - Gerrit Noordzij, Nederlânsk typograaf en letterûntwerper (* 1931)
- 20 - Piet Paulusma, Frysk waarman (* 1956)
- april
- 3 - Geert Eijgelaar, Nederlânsk politikus (* 1927)
- 14 - Alex Brenninkmeijer, Nederlânsk jurist en Nasjonale Ombudsman (* 1951)
- 18 - Harrison Birtwistle, Ingelsk Komponist (* 1934)
- 22 - Jan Rot, Nederlânsk sjonger en lietsjeskriuwer (* 1957)
- 25 - Henny Vrienten, Nederlânsk sjonger (* 1948)
- 28 - Leo Beerendonk, Nederlânsk fuotballer (* 1938)
- 28 - Juan Diego, Spaansk akteur (* 1942)
- 30 - Mino Raiola, Italjaansk-Nederlânsk fuotbalmakelder (* 1967)
- maaie
- 1 - Ric Parnell, Ingelsk drummer (* 1951)
- 4 - Harm Ottenbros, Nederlânsk hurdfytser (* 1943)
- 4 - Sis van Rossem, Nederlânsk keunsthistoarikus (* 1945)
- 9 - Jody Lukoki, Kongoleesk-Nederlânsk fuotballer (* 1992)
- 10 - Trevor Strnad, Amerikaansk sjonger (* 1981)
- 11 - Henk Groot Nederlânsk fuotballer (* 1938)
- 11 - Jeroen Brouwers, Nederlânske skriuwer (* 1940)
- 13 - Khalifa bin Zayed Al Nahayan, Arabysk presidint en Emir fan Abu Dhabi (* 1948)
- 15 - Mient Jan Faber, Nederlânske wiskundige en fredesaktivist (* 1940)
- 17 - Vangelis, Gryksk muzikant en komponist (* 1943)
TillefyzjeBewurkje
Jierren: | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|