Jurrit Menno Visser (Sint-Jânsgea, 3 maaie 1952Ljouwert, 14 oktober 2022) wie in Frysk politikus út namme fan de PvdA.

Jurrit Visser
politikus
echte namme Jurrit Menno Visser
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 3 maaie 1952
berteplak Sint-Jânsgea
stjerdatum 14 oktober 2022
stjerplak Ljouwert
partij PvdA
boargemaster fan Skylge
amtsperioade 2002 - 2013
foargonger Cootje van Beukering-Dijk
opfolger Rob Bats

Visser hat oan de Ryksuniversiteit Leiden rjochten studearre, en wurke nei syn ôfstudearjen by de gemeente Snits en de provinsje Fryslân. Visser wie jierrenlang sekretaris fan de Stjoergroep Waadprovinsjes. Yn maaie 1998 waard er wethâlder fan de gemeente It Hearrenfean en hy wie dêr krekt oan syn twadde wethâldersperioade begûn doe 't er yn desimber 2002 beneamd waard ta boargemaster fan de gemeente Skylge.

Yn april 2013 kaam Visser te fallen wylst er op fakânsje yn Turkije wie. Hy lei yn maaie dat jier syn wurksumheden tydlik del, om't syn werstel mear tiid koste as ferwachte.[1] Rob Bats waard waarnimmend boargemaster.[2] Yn septimber 2013 waard dúdlik dat Visser yn ferbân mei syn sûnens de funksje fan boargemaster net mear ferfolje koe.[3] Hy hold mei yngong fan 1 desimber 2013 offisjeel op.

Jurrit Visser ferstoar op 14 oktober 2022 yn 'e âldens fan 70 jier.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: