Amerikaanske Senaat

De Amerikaanske Senaat (Ingelsk: United States Senate) is mei it Amerikaansk Hûs fan Offurdigen it Amerikaansk Kongres, de wetjouwende macht fan de federale oerheid fan de Feriene Steaten. De Senaat hat 100 sitten, twa foar eltse Amerikaanske steat. Dy sitten binne fan senatoren, dy't foar 6 jier keazen wurde. Om de twa jier wurd der neffens Kêst I, Paragraaf 3 fan de Amerikaanske grûnwet ien-tredde part werkeazen, sadat der trije groepen yn de Senaat sitte.

Segel fan de Senaat

De fise-presidint fan de Feriene Steaten is de foarsitter fan de Senaat, en as it tal stimmen fan de senatoren krekt heal-om-heal is, mei er ek stimme. Dat bart net faak. By ôfwezigens fan de fise-presidint kin ien fan de senatoren it foarsitterskip waarnimme, de president pro tempore. Dat is trochstrings de âldste Senator fan de partij dy't de mearderheid hat.

De Senaat hat mear ynfloed as it Hûs fan Offurdigen. De Senaat is lytser en har leden hawwe mear ûnderfining. De Senaat stiet ek net bot ûnder druk fan de publike opiny, omdat se foar in langere perioade keazen binne, en dus net foartendaliks ôfrekkene wurde. De Senaat hat ek bysûnder foech. Neffens Kêst 1 fan de Amerikaanske grûnwet kin de presidint yn de measte gefallen net samar ynternasjonale oerienkomsten meitsje sûnder goedkar fan de Senaat. De Senaat moat ek har goedkar jaan oan wichtige beneamings (Heechgerjochtshof, ambassadeurs en leden fan it kabinet).

De Amerikaanske Senaat is yn Washington D.C., de haadstêd fan de Feriene Steaten. Gearkomsten binne yn de noardlike wjuk fan it Kapitoal. It Hûs fan Offurdigen beslacht de súdlike wjuk.

Ferkiezings bewurkje seksje

 
Koepel fan it Kapitoal mei Amerikaanske flagge

Oarspronklik waarden de senatoaren keazen troch de wetjouwende macht yn de ferskillende steaten, mar sûnt 1913 wurde senatoaren streekrjocht troch it folk keazen, alle kearen foar in perioade fan seis jier. It Districht of Columbia en gebieten oarekant de see (b.g. Puerto Riko) hawwe gjin rjocht op in eigen senator. De langstsittende senator fan eltse steat hat de titel ‘senior-senator’. Syn tsjinhinger wurdt oantsjut mei ‘junior senator’. Senatoaren wurde meast oansprutsen mei ‘earbiedweardige’. It trochsneed salaris wie $ 165.000 yn 2006.

In senator kin troch stjerren of weromlûken út de funksje senator-ôf wurde. Fierders hat de Senaat de mooglikheid om bij twa-tredde fan de stimmen in Senaatslid út syn funksje te ûntheffen. Yn it ferline binne der fyftjin senatoaren op dy wize fuortstjoerd, wêrfan fjirtjin tusken 1861 en 1862 doe't dy keazen foar de Konfederaasje yn de Amerikaanske Boargerkriich. Sûnt dy tiid is dat net mear bard, mar der binne omraak senatoaren fuortgien om it net sa fier komme te litten.

Wannear't der in sit frijkomt hoecht it net sa te wêzen dat der nije ferkiezings holden wurde moatte. De gûverneur fan in steat hat it foech om ien oant op de dei foar de plande ferkiezings te beneamen foar de sit.

Keppeling om utens bewurkje seksje