Amerikaansk Kongres
It Kongres fan de Feriene Steaten (United States Congress) is de wetjouwende macht en folksfertsjinwurdiging fan de Amerikaanske federale oerheid en hat twa tûken: de Senaat en it Hûs fan Offurdigen. De struktuer en ferantwurdlikens fan de Steaten-Generaal binne fêstlein yn kêst 1 fan de Amerikaanske Grûnwet. It earste termyn fan de Steaten-Generaal sette op 4 maart 1789 út ein.
De Senaat hat 100 sitten wêrfan eltse twa jier in tredde part fan fernijd wurd. Troch de ferkiezings leveret eltse steat twa ôffurdigen foar in perioade fan seis jier. Dêrtroch hat eltse steat in likefolle stimrjocht yn de Senaat, omdat eltse steat deselde status hat as lid fan de federale uny.
It Hûs fan Offurdigen hat 435 sitten. Mei ferkiezings wurdt it tal minsken mei kiesrjocht ferdield troch 435, en dat is dan it tal distrikten dêr't direkt keazen wurde kin foar in politikus yn it Hûs fan Offurdigen. Omdat der om de tsien jier keazen wurdt, wurdt der om de tsien jier in folkstelling holden. De grinzen fan it kiesdistrikt foar it Hûs fan Offurdigen kin om de tsien jier, mei de ferkiezings, ferskood wurde. Wis is al dat eltse steat ien sit yn it Hûs fan Offurdigen hat.
Fierders hat it Hûs fan Offurdigen fiif leden sûnder stimrjocht, dy't keazen binne troch de Amerikaanske gebieten oarekant de see en it District of Columbia.