Genaro Anthony (Tony) Sirico, Jr. (Brooklyn, 29 july 1942Fort Lauderdale Floarida, 8 july 2022) wie in Amerikaansk akteur. Hy is benammen bekend troch syn rol as Paulie Gualtieri yn de telefyzjesearje The Sopranos. Dêrneist hat er as stimakteur wurke yn ôfleveringen fan SpongeBob SquarePants en The Fairly OddParents.

Tony Sirico
akteur
Tony Sirico (2019)
Tony Sirico (2019)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Genaro Anthony Sirico, Jr.
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 july 1942
berteplak Brooklyn
stoarn 8 july 2022
stjerplak Fort Lauderdale
jierren aktyf 19742022

Hy aktearre betreklik faak yn de rol fan gangster, lykas yn de films The Last Fight, Goodfellas, Bullets Over Broadway, Mighty Aphrodite, Cop Land en Mickey Blue Eyes. Hy hat ek rollen as plysjeman spile, lykas yn Dead Presidents en Deconstructing Harry.

Sirico ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 79 jier, hy wie al in skoft siik.