Brooklyn
Brooklyn (Kings County) is ien fan de fiif boroughs yn New York City. It is mei likernôch 2.5 miljoen ynwenners it tichtst befolke stedsdiel fan New York.
Brooklyn waard oarspronklik stifte as de ûnôfhinklike stêd Breuckelen troch emigranten út Nederlân. De tekst Een draght maeckt maght yn it wapen fan Brooklyn betinkt dy Nederlânske stifting.
Yn 1898 ferlear de stêd de selsstannigens en waard Brooklyn yndield by de stêd New York City.
Yn Brooklyn lizze getto's mei Afro-Amerikanen, mar ek buerten dy't troch joaden, Italjanen of Spaansktaligen dominearre wurde.
Brooklyn wurdt troch de Brooklyn Bridge ferbûn mei Manhattan.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Brooklyn, New York City fan Wikimedia Commons. |