Seoel, Seûl of Seoul is de haadstêd fan Súd-Koreä. Mei sa'n 10,1 miljoen ynwenners (2013) is it de grutste stêd fan it lân.

Seoel
Skyline fan Seoul
Skyline fan Seoul
Polityk
Lân Súd-Koreä
Boargemaster Oh Se-hoon
Sifers
Ynwennertal 10.140.000 (2013)
Oerflak 605,21 km²
Befolkingsticht. 17.000 km²
Oar
Koördinaten 37° 34' NB, 126° 58' OL
Offisjele webside
www.seoul.go.kr

Yn 1394 waard Seoel de haadstêd fan de Joseondynasty, dy't fan 1392 oant en mei 1897 bestien hat. De Joseondynasty kin as direkte foarrinder fan it lân Koreä sjoen wurde.

Yn 1988 waarden de Olympyske Spullen en de Paralympyske Spullen yn Seoel holden. Yn 2002 wie it wrâldkampioenskip fuotbal yn Seoel.