Ric Parnell (Hammersmith, 13 augustus 1951 - Missoula Montana Feriene Steaten, 1 maaie 2022) wie in Ingelsk drummer. Hy waard bekend as drummer fan Atomic Rooster. Mar Parnell is it bêst bekend fanwegen syn rol as de drummer Mick Shrimpton yn de cultfilm This Is Spinal Tap.

Ric Parnell
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Britsk
berne 13 augustus 1951
berteplak Hammersmith
stoarn 1 maaie 2022
stjerplak Missoula flagge fan de Feriene Steaten
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Hardrock
ynstrumint Drums
jierren aktyf 19682022
offisjele webside
IMDb-profyl

Yn 1970 wie er lid fan de hardrockband Horse, dy 't ien album opnaam foardat er út inoar gie. Koart dêrnei kaam er efkes ta de progressive rockband Atomic Rooster, wêrnei't er nei mar twa moanne by de band wei gie. Tsjin de ein fan 1971 waard er útnûge om him wer by Atomic Rooster te foegjen, diskear bleau er lang genôch om op de lêste twa albums fan de band te spyljen.

Nei't Atomic Rooster ta in ein kaam wie, foege Parnell him by de Italjaanske band Tritons, nei Tritons wie Par-mei-oprjochter fan de Italiaanske prog-rockband Ibis. Parnell wie de drummer en mei-tekstskriuwer fan harren album út 1974, Sun Supreme. Parnell ferliet de band foardat it twadde album útkaam.

Yn 1975 wie Parnell lid fan de mear pop/rock-oriïntearre band Stars, dy't in album sûnder titel útbrocht foardat ek dizze band útelkoar gie. Dat waard folge troch in perioade fan twa albums as drummer fan de Italjaansk/Britske jazzfusionband Nova yn 1977 en 1978. Nei't er Nova ferlitten hie, bleau Parnell yn de jierren santich en tachtich foar ferskate oare bands en artysten spyljen.

Parnells grutte trochbraak kaam yn 1984 doe't er de rol fan Mick Shrimpton spile yn de mockumentary This Is Spinal Tap. Syn karakter wie ien fan in lange rige ûngelokkige drummers dy 't allegearre omkomme troch bûtenissige ûngelokken, Parnells karakter Mick Shrimpton kaam troch brân om it libben.

Spinal Tap waard in echte band, naam in soundtrackalbum op en promoatte de film mei liveshows. Om't it karakter fan Parnell Mick Shrimpton ferstoar yn This Is Spinal Tap, Naam Parnell foar de optredens nei it útbringen fan de film de rol fan syn "twillingbroer" drummer Ric Shrimpton oan. Dit gie troch op it reünyalbum Break Like the Wind fan de band út 1992 en de byhearrende toernee.

Parnell ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 70 jier.

Keppeling om utens bewurkje seksje