Kali Yuga (Sanskryt: कली युग, Kali Yuga, letterlik: Tiidrek fan (de demon) Kali, kin ek oerset wurde as it Tsjustere Tiidrek), is neffens it hindoeïsme it leechste fan de fjouwer tiidrekken (Yugas) fan de ûntjouwing fan de ierde. De oare binne (fan ûnder ôf) Dwapara Yuga, Treta Yuga en Satya Yuga.

De Kali Yuga wurdt behearske fan de demon Kali, de nemesis fan Sri Kalki, de 10e en lêste avatar fan de hindoegod Vishnoe. Neffens de Vishnoe Purana is er it minne foarkommen fan Vishnoe.

Neffens de Surya Siddhanta sette Kali Yuga útein om midnacht op 23 jannewaris (neffens de Gregoriaanske kalinder) of 18 febrewaris (neffens de Juliaanske kalinder) yn it jier 3102 f.Kr. In soad hindoes tinke dat dat it momint wie dat Krishna út it lichem kroep.

De syklus fan yuga.

Neffens in soad ynterpretaasjes fan hindoeteksten is de ierde op dit stuit yn in Kali Yuga, wylst oaren fan betinken binne dat it minskdom degenerearret wilens de Kali Yuga; it wurdt meast oantsjut as it Tsjustere Tiidrek omdat it minskdom dan it fierste fan God ôf stiet.

Wilens dy leechste faze binne de measte minsken har inkeld bewust fan de fysike aspekten fan it libben; de klam leit op de materiële oerlevering. De relaasje tusken minskdom en spiritualisme wurdt benammen beskieden fan byleauwe en bewâld.

Hindoes binne oer it generaal fan betinken dat de etyk ferlykber is mei in bolle. Wilens Satya Yuga, it earste stadium fan ûntjouwing, hat de bolle fjouwer poaten, dêr't er by elts stadium ien fan ferliest. At er in nij tiidrek fan Kali begjint hat de bolle noch mar ien poat: etyk komt úteinlik del op it minskdom.

Kali fan de namme Kali Yuga hat neat te krijen mei de godin Kálii.