Turks- en Kaikoseilannen

Turks and Caicos Islands
Flagge fan Turks- en Kaikoseilannen Wapen fan Turks- en Kaikoseilannen
Flagge Wapen
Lokaasje fan Turks- en Kaikoseilannen
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Cockburn Town
Steatsfoarm net-soeverein, oerseesk Britsk gebiet
Gebiet
% wetter
430 km²
±0­%
Ynwenners (2003) 19.500
Munt Amerikaanske dollar (USD)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 30 augustus
Lânkoade n.f.t.
Ynternet .tc
Tillefoan 1-649

De Turks- en Kaikoseilannen foarmje in oerseesk gebietsdiel fan Grut-Brittanje, besteande út twa lytse eilannekloften yn ’e tropen, yn it Karibysk gebiet, besúdeasten de Bahama's, op 21°45' noarderbreedte en 71°35' westerlingte. Geografysk sjoen binne de Turks- en Kaikoseilannen in part fan ’e Bahama's, mar troch in ôfsûnderlike koloniale skiednis hawwe se har dêr los fan ûntjûn ta in apart gebiet mei in dúdlik eigen identiteit.

De earste bewenners

bewurkje seksje

De earste bewenners fan ’e Turks- en Kaikoseilannen wienen de Lukayanen, nei alle gedachten in Arawakske Yndianestam, dy’t ek de Bahama’s bewenne. It liket wierskynlik dat de Lucayanen harren om 800 nei Kristus hinne op ’e eilannen nei wenjen setten, nei’t se de troch kannibalistyske Kariben fan ’e súdliker eilannen fan it Karibysk Gebiet ferdreaun wienen. Guon archeologen hingje lykwols de teory oan, dat de Lucayanen fan it Noardamerikaanske kontinint ôf de eilannen kolonisearren en net fan Arawakske komôf wienen.

Hoe’t dat ek wêze mei, fan ’e ynheemske kultuer fan ’e eilannen is neat oars oerbleaun as in baan foar it spyljen fan in balspul op Midden Kaikos, dy’t troch archeologen bleatlein is, en wat gebrûksfoarwerpen dy’t út en troch ris fûn wurde. De reden foar dy folsleine teloargong is dat de Lucayanen de earste Yndianen wienen dy’t yn kontakt kamen mei de Jeropeänen, mei’t Kristoffel Kolumbus yn 1492 lâne op it eilân San Salvador yn ’e Bahama’s.

Guon hâlde út dat it eilân dêr’t Kolumbus lâne en dat er San Salvador neamde, eins net it tsjintwurdige San Salvador yn ’e Bahama’s wie, mar Grand Turk, yn ’e Turkseilannen. Is dat net sa, dan wie de earste Jeropeaan dy’t de Turks- en Kaikoseilannen besocht yn 1512 de Spanjert Juan Ponce de León.

De Spaanske kolonisten, dy’t fan 1495 ôf yn it kylwetter fan Kolumbus nei it West-Ynje kamen, wienen allinne ynteressearre yn goud en sulver. Dêrfan hienen de Lucayanen net mear as wat se mei ruilhannel fan oare folken krije kinnen hienen, dat oarspronklik wienen de Spanjerts net yn harren ynteressearre. Al gau kamen de Spanjerts lykwols werom nei de Bahama’s en de Turks- en Kaikoseilannen om de Lucayanen as slaven op Hispaniola te brûken. Wa fan de Yndianen net nei de minen deportearre waarden, kamen wol om troch selsmoard of troch de sykten dy’t de Jeropeänen meibrochten, en binnen 25 jier wie der fan in befolking fan likernôch 50.000 minsken nimmen mear oer. Sa kaam it dat de Turks- en Kaikoseilannen in jier nei harren ûntdekking yn 1512, al folslein ûntfolke wienen.

De koloniale tiid

bewurkje seksje

Lange tiid wienen de ûnbewenne Turks- en Kaikoseilannen dêrnei in spylbal fan ’e koloniale grutmachten Spanje, Grut-Brittanje en Frankryk. Uteinlik kamen se yn Britske hannen, mar om’t se ûngeunstich leinen foar de wichtichste sylrûtes oer, gjin goudfoarrieden hienen, te min rein krigen foar sûkerplantaazjes en ek gjin goede ankerplakken beaen, waard der eins net nei har omsjoen. Pas yn 1678 sette in lytse kloft kolonisten fan Bermuda him op ’e eilannen nei wenjen om ’e sâlt- en houtfoarrieden te eksploitearjen. It sâlt dat se op ’e Turks- en Kaikoseilannen wûnen, ferhannelen mei kolonisten út New England, Newfoundland en wat tsjintwurdich de kustprovinsjes fan Kanada binne, dêr’t it brûkt waard foar de kabbeljaufiskerij. De Spanjerts ferdreaunen de kolonisten yn 1710, mar fêstigen gjin delsettings op ’e eilannen, sadat de Bermudianen gewoan weromkomme koenen nei’t de Spanjerts fuortsyld wienen.

Krekt as de Bahama’s ûntjoegen de Turks- en Kaikoseilannen har ek ta in berucht taflechtsoard foar seerôvers, dy’t der sels net foar tebekskrillen om ’e huzen fan ’e sâltkeaplju te plonderjen. Yn 1753 hienen de Frânsen sa har nocht fan dy seerôvers dat se de eilannen bemasteren, mar it oare jier stjoerden de Britten in oarlochsskip om de eilannen werom te krijen. Lykwols kamen de eilannen yn 1778 en nochris yn 1783 op ’e nij yn Frânske hannen.

Om 1780 hinne, doe’t de Amerikaanske Unôfhinklikensoarloch op syn hichtepunt wie, krigen de Bermudianen en de seerôvers selskip fan in grut tal Amerikaanske loyalisten (lju dy’t oan ’e Britske kant stien of fochten hienen). Se brochten harren slaven mei en setten op ’e Turks- en Kaikoseilannen katoenplantaazjes op. Hoewol’t dy earst in grut súkses wienen, krigen se letter mei orkanen en fretterige ynsekten te meitsjen en doe’t 1820 de rispinge mislearre, joegen de measte plantaazjehâlders it op. Fierwei de measten fan harren ferlieten dêrnei de eilannen wer, harren slaven dêrby almeast efterlittend, en de rest en de slaven sochten doe wurk yn ’e sâltwinning.

Yn 1799 waarden de Turks- en Kaikoseilannen bestjoerlik by de Bahama’s foege, mar yn 1848, nei’t de ynwenners dêr yn in petysje oan ’e Kroan sels om frege hienen, waarden de eilannen in aparte koloanje ûnder it tafersjoch fan ’e Britske gûverneur fan Jamaika. Yn 1872 lykwols, waard it selsbestjoer ynlutsen en waarden de eilannen in ûnderdiel fan ’e koloanje Jamaika, mar dan al mei in eigen hege kommissaris en in wetjaande kommisje. Dy sitewaasje bleau hanthavene oant fier yn ’e tweintichste iuw.

De tweintichste iuw

bewurkje seksje

Yn ’e Twadde Wrâldoarloch leinen de Amerikanen op ’e Turks- en Kaikoseilannen fleanfjilden oan en it jild dat it Amerikaanske leger útjoech, soarge foar in koarte perioade fan wolfeart yn ’e fjirtiger jierren.

Yn 1962 kamen de eilannen yn it nijs, doe’t de Amerikaanske astronaut John Glenn tichteby it eilân Grand Turk delkaam op syn weromreis út ’e romte.

Ek yn ’e sechstiger jierren kamen de earste toeristen op ’e eilannen. Yn it begjin gong it dêrby benammentlik om miljonêrs, dy’t fral op it eilân Providencialis fakânsjehuzen en letter ek hotels oanleinen. Healwei de santiger jierren wie Providencialis praktysk it domein wurden fan ’e Amerikaanske jet-set. Earst nei’t Club Med yn 1984 in fakânsje-oard op it eilân iepene, begûnen gewoane toeristen yn gruttere oantallen te kommen.

Underwilens wienen de Turks- en Kaikoseilannen yn 1962, doe’t Jamaika ûnôfhinklik wurden wie, bestjoerlik wer in ûnderdiel fan ’e Bahama’s wurden. Doe’t dy yn 1973 ek ûnôfhinklik waarden, waarden de Turks- en Kaikoseilannen in ôfsûnderlike Britske kroankoloanje.

Unôfhinklikensbeweging

bewurkje seksje

Ek op ’e Turks- en Kaikoseilannen ûntstie yn ’e santiger jierren in ûnôfhinklikensbeweging, dy’t him utere yn ’e oprjochting fan in politike partij rjochte op ûnôfhinklikens, de Demokratyske Folksbeweging (PDM; People’s Democratic Movement). Yn 1980 spruts dy mei it Britske regear ôf dat de eilannen yn 1982 ûnôfhinklik wurde soenen as de PDM de ferkiezings fan dat jier wûn. Lykwols, de PDM waard ferslein troch de Progressive Nasjonale Partij (PNP; Progressive National Party), dy’t foar in fuortsetting fan ’e status-quo wie. Dêrmei wie ûnôfhinklikens foarearst fan ’e baan.

De lieder fan ’e PNP, Norman Saunders, waard minister-presidint en koe yn 1984 syn regear fuortsette, nei’t de PNP dat jiers op ’e nij de ferkiezings wûn. Yn 1985, lykwols, waarden Saunders en twa oare PNP’ers yn ’e Feriene Steaten feroardiele foar drugsdelikten. De ferkiezings dy’t dêrnei holden wurde moasten, waarden wer wûn troch de PNP, mar op 26 july 1986 ûntbûn de Britske gûverneur it nije regear, mei’t er fan betinken wie dat de nije minister-presidint, Nathaniel Francis, en fjouwer oare PNP-kopstikken ûngeskikt wienen foar harren funksjes nei’t se beskuldige wienen fan brânstifting en fraude. Yn it plak fan it regear waard in advysrie beneamd, dy’t û.m. it opstellen fan in nije grûnwet foar de Turks- en Kaikoseilannen begelate. Nei de ynfiering fan dy grûnwet, yn 1988, waarden der wer ferkiezings holden, dy’t diskear mei oerweldigjende mearderheid wûn waarden troch de PDM.

Yn 1993 waard Martin Bourke beneamd as gûverneur. Hy krige in budzjet fan 35 miljoen dollar om ’e korrupsje op ’e eilannen te bestriden. Yn jannewaris 1996 suggerearre er dat de korrupsje fan it regear en binnen de plysje fan ’e Turks- en Kaikoseilannen sa djip gong, dat de eilannen in paradys foar drugssmokkelders wurden wienen. Doe’t dy útspraak yn ’e Offshore Financial Annual ferskynde, wie de lilkens ûnder de regearings- en parlemintsleden, mar ek ûnder de befolking grut. De driging fan ûngeregeldheden wie sa grut, dat yn april 1996 in Britsk oarlochsskip nei de eilannen tastjoerd waard. De saak rûn mei in skamper ôf, mar de rop om ûnôfhinklikens waard der nij libben troch ynblaasd.

Oansluting by Kanada?

bewurkje seksje

As alternatyf foar ûnôfhinklikens wurdt al sûnt de santiger jierren de mooglikheid neamd fan in oansluting fan ’e Turks- en Kaikoseilannen by Kanada. Foarstanners fan sa’n oansluting wize op ’e histoaryske bannen tusken de beide lannen (de sâlthannel), de mienskiplike (Britske) skiednis en de ekonomyske betsjutting fan it grutte tal Kanadeeske toeristen op ’e eilannen.

De earste kear dat der troch politisy serieus neitocht waard oer dizze mooglikheid, wie yn 1973, doe’t it Kanadeeske parlemintslid Max Saltsman, fan ’e Nije Demokratyske Partij (New Democratic Party), sûnder súkses besocht om sa’n oansluting foarinoar te krijen. Yn 1986 waard it idee nij libben ynblaasd troch it Kanadeeske parlemintslid Dan McKenzie, fan ’e Progressive Konservativen (Progressive Conservatives), mar in jier letter waard it, nei soarchfâldich oerweagjen, ôfwiisd troch de kommisje foar bûtenlânske saken fan syn partij. Yn 2004, lykwols, besocht it Kanadeeske parlemintslid Peter Goldring, fan ’e Konservativen (Conservatives), de Turks- en Kaikoseilannen om de saak op ’e nij te besjen.

De stroffelstien foar de oansluting fan ’e Turks- en Kaikoseilannen by Kanada is it feit dat de Kanadeeske grûnwet oanpast wurde moatte soe om it tafoegjen fan in nije provinsje ta te litten. De lêste provinsje dy’t oan ’e Kanadeeske Federaasje tafoege waard, wie Newfoundland en Labrador, yn 1949, en dêrfoar moast in wet troch it Britske parlemint loadse wurde. Boppedat folddogge de Turks- en Kaikoseilannen, mei minder as tweintichtûzen ynwenners, net oan it yn ’e Kanadeeske grûnwet fêstleine fereaske minimale tal ynwenners dat in provinsje hawwe moat.

Wat wol mooglik wêze soe, is de opnimming fan ’e Turks- en Kaikoseilannen as in territoarium, al hie it dan al minder rjochten as in provinsje. Tsjintwurdich hat Kanada trije territoaria. Twa dêrfan, beide mei likernôch 30.000 ynwenners, wolle trouwens úteinlik de status fan provinsje berikke, eat dat de doar iepensette kinne soe foar in provinsjale status fan ’e Turks- en Kaikoseilannen.

Noch wer in oare mooglikheid waard yn 2004 skepen, doe’t de befolking fan ’e Kanadeeske kustprovinsje Nova Scotia him der by in referindum foar útspruts om ’e Turks- en Kaikoseilannen út te nûgjen in ûnderdiel te wurden fan harren provinsje as se beslute soenen by Kanada hearre te wollen. Yn alle gefallen soenen troch dy regeling de swierrichheden foar it talitten fan ’e eilannen as in ôfsûnderlike provinsje omsyld wurde.

It is dreech om ’e oarsprong fan ’e namme fan ’e eilannen te efterheljen, mar yn ’e faak wurdt de útlis jûn dat "Turks" weromgiet op ’e blom fan in ynheemske kaktussoart, dy’t tinken docht oan in Turkske fez, wylst "Kaikos" - of "Caicos" yn it Ingelsk - ôflaat is fan it Spaanske "cayos", dat "lytse eilantsjes" betsjut. Hjir kin lykwols in fraachteken by set wurde as men wit dat de fez foar 1826 ûnder de Turken net in protte foarkaam as kopdeksel.

 
Lânkaart fan 'e Turks- en Kaikoseilannen

De twa eilannekloften besteane tegearre út acht gruttere eilannen en 41 lytse eilantsjes (cays), dêr’t mar njoggen fan bewenne binne. Se wurde skaat fan ’e Bahama's troch de 48 km brede Kaikostrochgong.

De westlikste en fierwei de grutste fan ’e beide eilannekloften wurdt foarme troch de Kaikoseilannen, dy’t yn in bôge lizze mei de rêch nei it noarden. Fan west nei east binne dêr de gruttere eilannen: West Kaikos, Providenciales, Noard Kaikos, Midden Kaikos, East Kaikos en Súd Kaikos.

Eastliker lizze de folle lytsere Turkseilannen, dy’t fan ’e Kaikoseilannen skaat wurde troch de hast 2.135 meter djippe en goed 35 km brede Trochgong fan ’e Turkseilannen. De grutste fan de Turkseilannen binne Grand Turk, dêr’t de haadstêd Cockburn Town op leit, en Salt Cay.

De Turks- en Kaikoseilannen 19.500 ynwenners (2003). De helte fan ’e befolking wennet op Providenciales, dat it wichtichste eilân is, en op Grand Turk, dêr’t de haadstêd Cockburn Town leit.

Neffens ynformaasje út 2000 wie doe in trêde fan ’e befolking jonger as fyftjin jier en mar 4% âlder as 65. Datselde jier groeide de befolking mei in persintaazje fan 3,55%, mei per tûzen ynwenners 14,46 migranten, 25,65 berten en 4,57 stjergefallen. De poppestjerte wie 18,66 per tûzen berten en de libbensferwachting wie 71,15 jier foar manlju en 75,51 jier foar froulju. It totale fruchtberenspersintaazje wie 3,25 bern per frou.

De Turks- en Kaikoseilanners, resinte migranten fansels net meirekkene, stamje ôf fan ’e oarspronklike Bermudiaanske kolonisten, de loyalistyske kolonisten dy’t harren nei de Amerikaanske ûnôfhinklikheid op ’e eilannen nei wenjen sette en fral ek fan ’e swarte slaven dy’t troch dy lêste groep meibrocht waarden. Fierwei it grutste part fan ’e befolking is dan ek swart. De oarspronklike Turks- en Kaikoseilanners neame harsels belongers (fan to belong, "behearre") om harsels te ûnderskieden fan ’e nije migranten.

Dy nije migranten binne benammentlik rike Amerikanen en Kanadezen dy’t har eigen lân fanwegen it klimaat of de belestings ûntflechte binne, mar der is ek in lytse Haïtiaanske mienskip op ’e eilannen.

Fan ’e Turks- en Kaikoseilanners is rûchwei 40% baptistysk, 20% metodistysk, 20% anglikaansk en minder as 2% sânde-deisadvintistysk. De oare likernôch 18% bestiet út ferskate oare kristlike streamings (de Haïtiaanske mienskip is bygelyks roomsk-katolyk) en net-leauwenden.

Bân mei Grut-Brittanje

bewurkje seksje

As Britsk oerseesk gebiet fiere de Turks- en Kaikoseilannen as flagge de Britske blauwe ensign, dy't de Union Jack, de Britske flagge, yn it kanton hat. Yn it gefal fan de Turks- en Kaikoseilannen hat de flagge it eigen wapen fan de eilannen op ’e flecht. De eilannen hawwe al in eigen regear mei selsbestjoer, en brûke de Amerikaanske dollar as muntienheid. De iennichste reden foar it fuortbestean fan ’e bân mei Grut-Brittanje is feitlikens dat it gebiet mei minder as tweintichtûzen ynwenners as te lyts beskôge waard om as ûnôfhinklik lân libbensfetber wêzen.

Om't de eilannen in oerseesk gebietsdiel fan it Feriene Keninkryk binnen, is Elizabeth II keninginne fan ’e Turks- en Kaikoseilannen. Sy wurdt op ’e eilannen fertsjintwurdige troch in gûverneur, dy’t troch har oansteld is. Dy is ferantwurdlik is foar ynterne feilichheid, bûtenlânske saken, beskate juridyske saken en - troch kommunikaasje mei it Britske regear - definsje. Fierders sit de gûverneur ek de Utfierende Rie foar, dêr’t fierders trije ûnôfhinklike leden en fiif troch him (de gûverneur) oanwiisde leden fan de Wetjaande Rie diel fan útmeitsje.

It regear wurdt foarme troch de Wetjaande Rie, in ienkeamerich parlemint, mei njoggentjin leden, dêr’t trettjin fan keazen en seis fan beneamd binne. It haad fan ’e Wetjaande Rie is de minister-presidint, dy’t beneamd wurdt troch de gûverneur. Aktyf en passyf kiesrjocht is op ’e Turks- en Kaikoseilannen universeel foar alle ynwenners fan achttjin jier en âlder.

De earste grûnwet fan ’e Turks- en Kaikoseilannen datearre fan 30 augustus 1976 (dêrfandinne Constitution Day ("Grûnwetdei"), de nasjonale feestdei), mar dy waard op 5 maart 1988 ferfongen troch in nijen. It juridyske stelsel fan ’e eilannen is yn grutte halen basearre op de Britske wet, mei ferskate eigen oanfollings en guon wetten dy’t oernommen binne fan Jamaika en de Bahama’s. De rjochterlike macht op ’e eilannen is yn ’e hannen fan in magistraat dy’t op ’e eilannen wennet en fan in rjochter dy’t dêrfoar nei de eilannen takomme moat en dat regelmjittich docht.

Hjoeddeiske politike sitewaasje

bewurkje seksje

De lêste ferkiezings wienen yn 2003. Der binne twa partijen mei sitten yn ’e Wetjaande Rie: de PDM, laat troch Michael Misick, en de PNP, ûnder lieding fan Derek H. Taylor. De United Democratic Party (“Feriene Demokratyske Partij”), fan Wendal Swann is wol aktyf, mar hat (noch) net genôch stimmen krigen om in sit te bemachtigjen. Op ’t heden (desimber 2005) is de minister-presidint Michael Misick fan de PDM. De gûverneur is Richard Tauwhare.

Histoarysk line de ekonomy fan ’e Turks- en Kaikoseilannen swier op ’e sâlteksport. Dat bleau sa oant de jierren fyftich fan ’e tweintichste iuw, doe’t de sâltyndustry ynstoarte. Oant likernôch 1800 foarme ek de bút dy’t makke waard troch de op ’e eilannen fêstige seerôvers in pylder fan ’e pleatslike ekonomy.

Tsjintwurdich driuwt de ekonomy fan ’e eilannen op it toerisme en de fiskerij. Ek foarmje de Turks- en Kaikoseilannen, nettsjinsteande harren skiednis as seerôversnêst, in wichtich, belestingfrij sintrum foar it ynternasjonale bankwêzen. It bruto nasjonaal produkt fan ’e eilannen wie $7.700,- per ynwenner yn 1997, mei in jierlikse groei fan 4% en in ynflaasjepersintaazje fan ek 4%.

Hoewol’t de Turks- en Kaikoseilannen fan Miami, yn Florida, ôf, mar 75 minuten fleanen binne, hat it lang duorre foar’t se troch toeristen ûntdutsen waarden. Jierrenlang wie de slogan fan it pleatslike toerismeburo dan ek: "Where on earth are the Turks and Caicos?" ("Wêr op ierde binne de Turks- en Kaikoseilannen?"). Earst doe’t Club Med yn 1984 in saak iepene op Providenciales, begûn de toerismeyndustry op ’e eilannen fan ’e grûn te kommen.

Dochs hawwe de Turks- en Kaikoseilannen wol wat te bieden. Benammen foar fûgel- en walfiskleafhawwers foarmje se in wier paradys. Hoewol’t it ynlân fan ’e eilannen skrok en toar is, mei rotsige gebieten en in protte kaktussen en toarnige akasia’s, beskikke de eilannen ek oer mear as 320 km sânstrannen en in azuerblauwe see rûnom. Fierders is der in 370 km lang koraalrif, dêr’t dûkers en snorkelders harren hert ophelje kinne.

It grutste part fan ’e toeristen bestiet út Amerikanen. Yn 1996 makken dy mear as de helte op fan ’e 87.794 minsken dy’t harren fakânsje op ’e eilannen trochbrochten. It meastepart fan ’e rest bestie út Kanadezen. Yn 1998 wie it tal toeristen stige oant 93.000.

  • Baker, Christopher P., Bahamas and Turks & Caicos, (Lonely Planet Travel Guide), Hawthorn, 1998

Eksterne keppelings

bewurkje seksje