Cockburn Town
Cockburn Town is de haadstêd fan de Turks- en Kaikoseilannen ,leit op it haadeilân Grand Turk en hat sa'n 4000 ynwenners.
Cockburn Town | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Oerseesk territoarium | Turks- en Kaikoseilannen | |
Eilân | Grand Turk | |
Sifers | ||
Ynwennertal | ± 4.000 (2005) | |
Oar | ||
Stifting | 1681 | |
Koördinaten |
De haadstrjitten wurde oerhearske troch 18e en 19e iuwske arsjitektuer. Fierders binne der in protte smelle steechjes.
Ut de skiednis
bewurkje seksjeYn 1512 lâne de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Ponce de León op Grand Turk, wierskynlik op it plak dêr't no Cockburn Town leit. Cockburn Town waard stifte yn 1681 troch kolonisten dy't fan Bermuda kamen. It doarp waard fan doe ôf brûkt foar de sâltwinning. Sûnt 1766 is it de haadstêd fan de eilânsteat. Yn 2008 waard de stêd swier skansearre troch de orkaan 'Ike'.