Commonwealth of the Bahamas
Flagge fan Bahama's Wapen fan Bahama's
Flagge Wapen
Lokaasje fan Bahama's
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Nassau
Steatsfoarm Parlemintêre monargy
Gebiet
% wetter
13.940 km²
28­%
Ynwenners (2004) 300.529
Munt Bahamaanske dollar (BSD)
Tiidsône UTC -5
Nasjonale feestdei 26 jannewaris
Lânkoade BHS
Ynternet .bs
Tillefoan 1

It Mienebêst fan de Bahama's (Ingelsk: The Bahamas, offisjeel: Commonwealth of The Bahamas) is in ûnôfhinklik Ingelsktalich lân yn it Karibysk gebiet. De Bahama's bestean út in arsjipel fan 700 eilannen en 2006 cays (of keys), lokalisearre yn de Atlantyske Oseaan, eastlik fan de Amearikaanske steat Florida, noardlik fan Kuba en Haïty, en westlik fan de Britske Turks- en Kaikoseilannen.

De oarspronklike bewenners fan de Bahama's wienen ynearsten de Arawakken, in Yndiaansk folk. Nei de ûntdekking fan de eilannegroep troch Kolumbus yn 1492 krigen sy te krijen mei de Spanjerts. Harren lân waard ôfpakt en de Arawaks moasten slavewurk dwaan yn de goudminen. Yn noch gjin 25 jier wie it folk útrûge en it soe oant 1647 doarje eart de eilannen wer befolke wurde soenen.

Under de Ingelske Boargeroarloch stifte in groep Puriteinen, godstsjinstige flechtlingen fan Bermuda, foar it earst in Jeropeeske delsetting op de Bahama's. Letter fêstigen ek oare groepen har op de eilannen. Offisjeel hearde de arsjipel by it Feriene Keninkryk, mar meast wienen sy op harren sels oanwiisd. In skoft lang bestie der in piraterepublyk mei Edward Teach, better bekend as Swartburd, as lieder.

Yn 1717 waarden de eilannen in Britske koloanje en waard in ein makke oan de piraterij. Nei de Amerikaanske ûnôfhinklikens joech de Britske oerheid lân wei oan loyalisten en naam de befolking yn in pear jier ta yn omfang. Op de eilannen waarden plantaazjes stifte en út Afrika waarden slaven helle.
Yn de Amerikaanske Boargeroarloch besochten de súdlike steaten troch de Bahama's de hannelsblokkade te omsyljen. Yn ruil foar katoen soarge Ingelân foar wapens en munysje.

Yn de Twadde Wrâldkriich wienen de eilannen in opliedingssintrum foar it leger. Doe't Havana har grinzen slute foar Amerikaanske toeristen ûntwikkelen de Bahama's har stadichoan ta in wichtich toeristysk gebiet.

De Bahama's krigen harren ûnôfhinklikens fan Grut-Brittanje op 10 july 1973, mar wie noch hieltyd in lân binnen it Britske Mienebest. Tsjintwurdich is staatshaad keninginne Elizabeth II, gûverneur Arthur Dion Hanna en de minister-presidint is Perry Christie.

 
Kaart fan de Bahama's

Fan alle eilannen yn de archipel leit Biminy it tichtst by de Feriene Steaten en foarmet de poarte nei de Bahama's. It eilân it fierst nei it súdeasten is Grut Inagua. It grutste eilân is Andros Island. Oare wichtige eilannen binne Eleuthera, Cat Island, Long Island, San Salvador Island, Acklins, Crooked Island, Eksuma and Mayaguana. De haadstêd fan de Bahama's, Nassau leit op Nij Providence.

 
Andros Island

De eilannen lizze allegearre frij leech en binne flak, trochstrings is de hichte om-ende-by 15 of 20 meter. De heechste pyk is Mount Alvernia, or Como Hill mei 63 meter hichte.

It klimaat op de Bahama's is subtropysk oant tropysk en wurdt hoeden troch de ynfloed fan Golfstream, benammen yn de winter. Somtiids ûntsteane hjirtroch orkanen dy't betiden op de eilannen in protte skea feroarsake kinne.

Fan alle eilannen binne yn totaal 40 bewenne. De offisjele taal is it Ingelsk en de befolking bestiet foar 85% út negers, 12% blanken en 3% fan oare komôf.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
Keppeling(s) om utens: