Kariben (folk)
De Kariben ek wol Eilânkriben binne nammen foar de oarspronklike bewenners fan de Lytse Antillen. Nei harren is ek de Karibyske See neamd, se neamden harsels lykwols Kalinago (manlik) en Kallipuna (froulik). Se sprutsen Kalhíphona, in Maipuriaanse taal, hoewol't de manlju of in Karibyske taal sprutsen of Pidgin (taal). Yn de súdlike Kariben libben se mei de Galibi, dy't lykwols yn ôfsûnderlike doarpen libben. De Galibi binne, sa wrdt oannomd, de Kariben fan it fêstelân. Yn it ferline bewennen de Kariben in grut diel fan de eastlike Antillen, tsjintwurdich binne der allinnich op Saint Vincent, Tobago en Dominica noch Kariben oer.