Klaas Tuinstra (Sint-Anne, 10 febrewaris 1945 – dêre, 2 febrewaris 2022) wie in Nederlânsk politikus fan Frysk komôf út namme fan de ARP en letter it CDA.

Klaas Tuinstra
politikus
Tuinstra yn 1988
Tuinstra yn 1988
bertedatum 10 febrewaris 1945
berteplak Sint-Anne
stjerdatum 2 febrewaris 2022 (76 jier)
stjerplak Sint-Anne
partij ARP, CDA
lid Provinsjale Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1971-1986
lid gemeenteried fan It Bilt
amtsperioade 1974-1982
lid Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal
amtsperioade 1986-1994
offisjele webside
Profyl parlement.com

Tuinstra wie in Frysk Twadde Keamerlid fan it CDA dy't as aktuaris (fersekeringswiskundige) oplaat wie en syn politike karriêre begûn by ARJOS. Al mei jonge jierren wie er polityk aktyf as ARP-riedslid fan It Bilt en as Frysk Steatelid. Hy wurke by in fersekeringsmaatskippij en wie letter bedriuwsanalist.
Yn 'e Twadde Keamer wie er wurdfierder op ûnderskate terreinen dy't gearhongen mei ynkommens en finansiering.

Tuinstra wie yn de jierren njoggentich adviseur fan it Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA op it mêd fan finansjeel- en sosjaal-ekonomyske fraachstikken. Syn rapporten leine mei de basis foar de herfoarmingsaginda fan de kabinetten-Balkenende.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Oud-Kamerlid en adviseur Klaas Tuinstra overleden. Frysk Deiblêd, 5 febrewaris 2022, s. 13