Sint-Anne
Sint-Anne of St.-Anne (Frysk en Biltsk) is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Sint-Anne leit noardlik fan Berltsum, eastlik fan Sint-Jabik, westlik fan Froubuorren en besuden Nij Altena. Yn 2022 hie Sint-Anne 4.886 ynwenners. De doarpskearn leit om de krúsing fan de Steatenwei, Steedhâlderswei, Van Harenstrjitte en Warmoesstrjitte.
Sint-Anne | ||
![]() | ||
Alde gemeentehûs | ||
Emblemen | ||
![]() ![]() | ||
Sifers | ||
Ynwennertal | 4.886 (2022) [1] | |
Oerflak | 26,36 km² lân: 26,24 wetter: 0,12 km² | |
Befolkingsticht. | 186 ynw./km² | |
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 16' N 5° 39' E | |
Offisjele webside | ||
Side Sint-Anne | ||
Kaart | ||
De buorskippen Stêd-Niks en De Oasthoek (lyts diel) hearre ek by Sint-Anne. Earder hearde Nij Altena ek by Sint-Anne, mar dat is sûnt 2006 in selsstannich doarp.
SkiednisBewurkje
Sint-Anne waard stifte doe't It Bilt yn 1505 bedike waard. De earste namme dy't it doarp krige fan de earste bewenners wie "Altoenae", ferneamd nei it plak dêr't de nije bewenners wei kamen. It buorskip Nij Altoenea benoarden Sint-Anne referearret noch oan de oarspronklik brûkte namme fan it haaddoarp. Altoenea foarme mei de doarpen der omhinne katolike parochy's, wêrtroch't de nammen dêrfan al gau oergienen op de doarpen. "Altoenea" is úteinlik ferneamd nei de hillige Anna, de mem fan Marije en krige de namme "Sint-Annaparochy".
It doarp krige in houten tsjerke mei in tek fan strie. It bisdom wegere fanwege de brekfalligens fan it gebou de tsjerke yn te wijen en it houten gebou waard ferfongen troch in tsjerke dy't nei alle gedachten de foarm hie fan in gryksk krús. Yn dy tsjerke troude Rembrandt van Rijn yn 1634 mei Saakje fan Uylenburg. As oantinken dêroan stiet by de tsjerke in brûnzen byld.
Sûnt 2018 leit Sint-Anne yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente It Bilt. Sint-Anne hat altyd haadplak west fan It Bilt.
Van HarenstsjerkeBewurkje
- De Wikipedy hat ek in side Van Harenstsjerke.
Yn 1682 waard de foargonger ferfongen troch in achthoekige tsjerke, de Van Harenstsjerke. Efter de tsjerke slút de grêfkapel (1688) fan de famylje Van Haren oan. De koperen doarren nei de grêfkapel binne in geskink fan de Sweedske kening Karel X Gustaaf. De yn 1700 setten, ryk fersierde preekstoel fan houtsnijwurk komt út Dútslân.
It oargel is yn 1727 boud troch de Dútser Johannes Radeker, fan Danzig, en wie learling en masterfeint fan ûnder oaren Arp Schnitger en Christiaan Müller. De lêste boude it oargel yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert en it oargel yn de Haarlimse Grutte of Sint-Bavotsjerke. It Radekeroargel is skonken troch Willem van Haren (dêr't it Museum Willem van Haren op It Hearrenfean nei ferneamd is) en frouwe Rixt van Andrea.
MienskipBewurkje
It multyfunksjoneel sintrum fan Sint-Anne hjit 'Ons Huis'. De doarpskrante hjit 'De Pot en Pan van Sint-An'.
Sûnt 2017 wurdt alle jierren op in sneon yn septimber yn it doarpssintrum fan Sint-Anne it muzykfestival Waadrock holden. De Biltske Slach is it sportsintrum fan Sint-Anne.
TsjerkenBewurkje
- Van Harenstsjerke (Protestantske gemeente Sint-Anne).
- Gideontsjerke (Protestantske gemeente Sint-Anne).
- Ferrizenis fan de Heartsjerke (Roomsk-katolike Hillige Jakobus Parochy Noardwest Fryslân)
SkoallenBewurkje
- Kristlike Skoallemienskip Ulbe van Houten.
- Iepenbiere Skoallemienskip Piter Jelles
- Prot.-kristlike basisskoalle De Slotskoalle.
- Iepenbiere basisskoalle 't Fonnemint.
BefolkingsferrinBewurkje
Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2013 | 2018 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 3756 | 3697 | 3879 | 2448 | 2316 | 3990 | 4006 | 4023 | 4886 |
FerieningsBewurkje
- Fryske Hânbalkombinaasje (fúzje-organisaasje fan SGK47 en HV Stiens)
- Biltske Tennis Klub
- Folleybalferiening VoVeSa
- Fuotbalferiening Sint-Anne
- Hynstesportferiening De Molenruiters
- Keatsferiening Drie spul is út
- Kristlik Biltsk Manljuskoar
- Shantykoar De Bútsoekers
- Skeelerferiening Slykrôlers
- Swimferiening De Skelp
Berne yn Sint-AnneBewurkje
- Binse Albarda (1796–1862), liberaal politikus
- Danjel Hermannus Beucker Andreae (1772-1828), jurist.
- Johannes Potter van Loon (1800), abbekaat
- Jacobus van Loon (1821-1903), Frysk strider
- Imilius Josinus Hendrik Willem van Andringa de Kempenaer (1844-1895), boargemaster Ferwerderadiel
- Johannes Kuiken (1860-1936), foaroanman kiesrjochtbeweging
- Hartman Sannes (1890), histoarikus
- Dirk Boonstra (1893-1944), fersetsman
- Tjebbe Walburg (1913), politikus
- Sjoerd Andringa (1921-2017), fotograaf
- Jasper Keizer (1931), publisist
- Klaas Dankert (1942-), PvdA-politikus
- Reitze Ketellapper (1944–2015), politikus
- Gerrit Krol (1945-), CDA-politikus.
- Klaas Tuinstra (1945-2022), CDAS-politikus
- Flip Soolsma (1947), keatser
- Anita Andriesen (1957–2008), PvdA-politikus
- Marieke Swart (1994-), sjongster
FerskaatBewurkje
It rymke ""Een pot en een pan is het wapen van Sint-An" hat de basis west fan it doarpswapen. Ek waard it famyljewapen fan Van Haren, de eardere grytman deryn ferwurke.
StrjittenBewurkje
Alle strjitten yn Sint-Anne.
Sjoch ekBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|