Gerrit Krol (politikus)
Gerrit Krol (Sint-Anne, 1 july 1945) is in Frysk politikus fan it CDA.
Nei it trochrinnen fan de herfoarme kweekskoalle Mariënburch yn Ljouwert waard er yn 1970 ûnderwizer en wie er fan 1976 ôf haadûnderwizer/direkteur fan in basisskoalle. Dêrneist wie Krol aktyf yn de lokale polityk. Yn 1986 kaam er yn de gemeenterie fan Ljouwert dêr't er fan 1994 ôf CDA-fraksjefoarsitter wie. Yn 2001 waard hy yn Ljouwert wethâlder wat hy oant 2010 bliuwe soe. Koart dêrop folge syn beneaming as waarnimmend boargemaster fan It Bilt. Syn berteplak Sint Anne is it haadplak fan de gemeente It Bilt en Krol sprekt dêrom ek de streektaal: it Biltsk.
Syn boargemasterskip einige op it stuit dat de gemeente It Bilt op 1 jannewaris 2018 opheft waard en opgong yn de gemeente Waadhoeke. Yn desimber 2017 wie Krol de âldste boargemaster fan Nederlân en de langstsittende waarnimmend boargemaster fan Nederlân. Op 14 desimber waard er ûnderskieden mei de CdK-penning troch kommissaris fan de Kening Arno Brok.