Kweekskoalle
De kweekskoalle wie de skoalle foar it oplieden (kweke yn de betsjutting fan opfiede) fan ûnderwizers en ûnderwizeressen by it leger ûnderwiis.
Stichters fan kweekskoallen wienen bygelyks: in stedsbestjoer of oare oerheidsynstelling (Rykskweekskoalle), in kleaster of in parochy (katolike kweekskoalle), in protestantsk kristlike gemeente (kristlike kweekskoalle), of in libbensbeskôglik genoatskip (frije skoalle).
Fan de twadde helte fan de 20e iuw ôf fusearren de measte opliedingen mei elkoar en gienen dêrnei op yn in hegeskoalle. Doetiids wienen der opliedings yn Drachten, It Hearrenfean, Snits en Ljouwert. Begjin 21e iuw binne noch mar in pear opliedings selsstannich.
Yn de rin fan de jierren is de beneaming fan de oplieding feroare:
- 1816: By Keninklik Beslút wurde Rykskweekskoallen oprjochte yn ûnder mear Ljouwert en Grins. Der wurdt dan sprutsen oer normaalskoalle of kweekskoalle. Oant de Leger Underwiiswet fan 1920 wie it lykwols noch mooglik om as kwekeling in oplieding ta ûnderwizer te folgjen yn in opliedingsklas. De kwekeling rûn inkele jierren mei as assistint yn de klas. In mulo-diploma wie de foaroplieding.
- 1954: Kweekskoallewet. Kweekskoalle wurdt de gongbere term.
- 1968: Mammoetwet: Kweekskoalle wurdt Pedagogyske Akademy (PA). Studinten mei in hafû-oplieding wurde talitten by de dan trijejierrige oplieding.
- 1985: Wet op it Basisûnderwiis: beukerskoalle en legere skoalle wurde gearfoege ta basisskoalle. Dêrom wurdt de Pedagogyske Akademy gearfoege mei de Oplieding foar Beukerliedsters (KLOS) en hjit fan dy tiid ôf 'Pedagogyske Akademy Basisûnderwiis' (Pabû) en duorret fjouwer jier.