Rykskweekskoalle (Drachten)

De eardere Rykskweekskoalle yn Drachten is in skoalgebou set yn 1923/24 dat werbestimd is ta appartemintekompleks foar wenjen mei begelieding, 'Torenstate'.

Rykskweekskoalle
bouwurk
De skoalle yn 1923
De skoalle yn 1923
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Torenstraat 14
bysûnderheden
type bouwurk Skoalle/appartemintegebou
boujier 1923
arsjitekt A.S. Vellinga
boustyl Ynterbellumarsjitektuer
monumintale status Gemeentlik monumint

Dizze Ryksdeinormaalskoalle-Rykskweekskoalle foar ûnderwizers waard yn 1923/24 boud neffens in ûntwerp fan gemeente-arsjitekt A.S. Vellinga. Hy joech de skoalle de stylskaaimerken fan de doe populêre Amsterdamske Skoalle en de art deco. Noch foar de Twadde Wrâldoarloch wie der in útwreiding fan it gebou oan de Houtleane. De oarspronklike oerhoekske bakstiennen hoekpartij, dy't it meast represintatyf wie foar de ekspresjonistyske ynterbellumarsjitektuer, waard yn 1954 ferboud.

Nettsjinsteande it wizige hoekepart bliuwt it gebou in wichtich en werkenber ûnderdiel fan de bebouwing oan de Torenstrjitte, benammen troch de gearhing mei de eardere Rykslânbouwinterskoalle (1921/22, ryksmonumint) en it ferieningsgebou 'Pro Rege', sûnt 2000 Christian Fellowship Drachten (1924/1953, gemeentlik monumint). Mei dêrom hat it pân yn 2015 de status fan gemeentlik monumint krigen.

 
'Torenstate' mei de yn 1954 ferboude hoekepartij (2018)

Yn 1968 feroaren de kweekskoallen yn de pedagogyske akademy (PA) wêrnei't it gebou oan de Torenstraat 14 yn de jierren 70 yn gebrûk naam waard as kantoar fan de tsjinst gemeentewurken en yn de jierren 80 troch de Ryks Middelbere Lânbouskoalle, letter AOC Friesland. Nei 't AOC Fryslân yn de jierren 90 besleat om al it middelber beropsûnderwiis (nivo 3 en 4) te konsintrearjen yn Ljouwert, wie it skoalgebou net mear sa yn gebrûk.

Yn 2014 krige it gebou in nije funksje en waard dêrom yngreven ferboud mei behâld fan de gevel en wichtige boukundige details. Der waarden santjin selsstannige apparteminten realisearre foar jongeren en jongfolwoeksenen mei in lichte ferstanlike beheining en ek hat it kompleks in mienskiplike moetingsromte en kantoarromte foar 24 - oers begelieding. Ekspertise- en behannelsintrum Alliade (foarhinne Reik) stipet de bewenners by it selsstannich wenjen en funksjonearjen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten