Christian Fellowship Drachten

De Christian Fellowship Drachten is in tsjerklike mienskip yn Drachten yn de provinsje Fryslân.

Christian Fellowship Drachten
bouwurk
Christian Fellowship Drachten (2015)
Christian Fellowship Drachten (2015)
lokaasje
Gemeente Smellingerlân
plak Drachten
adres Torenstraat 18
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1924
Renovaasje: 1953
arsjitekt Tj. van der Kooi
monumintale status Gemeentlik monumint
oare ynformaasje
tal ferdjippings 1

Skiednis bewurkje seksje

 
Ynterieur (1994)

It tsjerkegebou is in gemeentlik monumint en waard yn 1924 nei in ûntwerp fan arsjitekt Tj. van der Kooi boud as ferieningsgebou mei konsjerzjewent foar de Kristlike Belangeferiening 'Pro Rege'. In jier letter waard in berchromte tafoege. De symmetryske foargevel bestiet út in heger middenpart, mei dêryn de dûbele yngong ûnder luifen. Sawol it oarspronklike ûntwerp as de lettere útwreidings binne karakteristyk foar har tiid.

Yn 1953 waard it pân nei in ynwindige ferbouwing en útwreiding, ek nei in ûntwerp fan Van der Kooi, troch de Grifformearde Tsjerken frijmakke as tsjerke 'Rehoboth' yn gebrûk naam. Dy gemeente naam yn 1993 de Fonteintsjerke (fan dat stuit ôf 'De Fontein' hjitten) yn wyk De Swetten oer fan de Grifformearde Tsjerke fan Drachten, dy't har trije tsjerken (Fonteintsjerke, Noardertsjerke en De Opdracht) ferfong troch de nij boude tsjerke De Oase oan de Ringwei.

De tsjerke waard yn 1993 ferkocht oan de pinksterbeweging 'Philadelphia' en is fan 2000 ôf yn gebrûk fan de evangeeljegemeente Christian Fellowship.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: