De Oase (Drachten)
De Oase is in tsjerkegebou fan de PKN yn Drachten. De tsjerke waar yn 1997 yn gebrûk naam. Yn 2005 binne de Herfoarme Gemeente en de Grifformearde Tsjerke yn Drachten fusearre ta de Protestantske Gemeente fan Drachten.
De Oase | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Gemeente | Smellingerlân | |
plak | Drachten | |
adres | Ringwei 3 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1997 | |
arsjitekt | Jorissen/Simonetti | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 26 m. (toer) |
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe nije tsjerke 'de Oase' waard iepene op 13 april 1997 en is in opfallend gebou op in sintraal plak yn Drachten-Noard, op de hoeke fan de Ringwei en de Stasjonswei. De twa dielen fan it gebou binne rjochte op de betonkleurige tsjerketoer mei in hichte fan 26 meter. Yn it grutste geboudiel binne de tsjerkeseal en de moetingsromte. Yn de tsjerkeseal is plak foar 640 stuollen. Troch it iepenjen fan in tearwand kin de moetingsromte by de tsjerkeseal lutsen wurde (romte foar 200 plakken). It dak fan de tsjerkeseal is hol en rêst op 5 spanten as de fingers fan in hân. De fiif spanten symbolisearje de hân fan God. It reinwetter wurdt opfongen yn in bak dêr't de toer yn pleatst is. It dak fan it oare geboudiel is bol, yn dit geboudiel binne de njonkenromten.
Oargel
bewurkje seksjeIt oargel waard 1978 troch de firma Pels & Van Leeuwen (Waardenburg) boud foar de Noardertsjerke. Dêrby waard gebrûk makke fan de oargelkast en frontpipen fan it oargel dat de firma L. van Dam & Soannen (Ljouwert) yn 1845 foar de herfoarme tsjerke fan Mantgum makke en ek fan piipwurk út de Noardertsjerke. It piipwurk fan alve registers stammet út 1794 en is makke troch J.S. Strümphler fan Amsterdam. Yn 1949 is it piipwurk fan fiif registers troch oargelbouwer J. Reil (Heerde) levere. Fan seis registers is yn 1978 it nije piipwurk makke. Nei sluting fan de Noardertsjerke sette de firma Bakker & Timmenga (Ljouwert) it oargel yn 1998 oer nei "De Oase".