Bakker & Timmenga
Bakker & Timmenga is in oargelmakkerij út Ljouwert.



De oargelmakkerij waard yn 1880 mei úteinset troch twa oargelbouwers: Fokke Bakker (1842-1904) en Arjen Timmenga (1854-1920). Beide krigen har' oplieding by Willem Hardorff. It wie neist Adema, Van Dam en Hardorff de fjirde oargelmakkerij yn Ljouwert. It kompanjonskip waard yn 1902 ûntbûn; Timmenga sette it bedriuw allinnich fuort. Yn 1919 giet er in kompanjonskip oan mei syn soan Bernard Timmenga (1889-1972), dy't it bedriuw oant 1960 liede soe. Dan wurdt de oargelmakkerij oernomd troch Wopke Yedema en Harm Pieter Dam. Sûnt 1991 is Bert Yedema eigener.
- Oargels (karút)