Herfoarme tsjerke (Hollum)

(Trochferwiisd fan Sint-Magnustsjerke (Hollum))

De Herfoarme tsjerke yn Hollum is ien fan de trije tsjerken fan de PKN-gemeente fan It Amelân. It grutste part fan de goatyske tsjerke datearret út de 17e iuw.

Herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
plak Hollum
adres Easterleane 2, 9161 AC Hollum
koördinaten 53° 26' 9" N 5° 38' 27" E
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 17e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 7685 (tsjerke); 7686 (toer)
offisjele webside
Herfoarme gemeente, It Amelân
kaart
Herfoarme tsjerke (Hollum)
Herfoarme tsjerke

Op it plak fan de hjoeddeiske tsjerke hawwe neffens ûndersyk yn de jierren 1970 noch teminsten trije oare tsjerken stien. De âldste bouresten fan dy âldere tsjerken datearren út de 11e iuw.

Yn 1569 ferneatigen wettergeuzen de oarspronklik oan Magnus fan Trani wijde 14e-iuwske tsjerke. Yn 1678 folge de weropbou fan de tsjerke. Oan de noardlike kant en in grut part fan it koer binne kleastermoppen tapast, dy't nei alle gedachten ôfkomstich binne fan de foargonger, wylst de súdlike kant opmitsele is fan Fryske gieltsjes.

 
Oargel

Fanwegen de swiere steunbearen wurdt der fan út gien dat de tsjerke ea in stiennen ferwulft hân hat. By de weropbou yn de 17e iuw krige de tsjerke in houten tonferwulft mei lûkbalken. De preekstoel en it doophek datearje út de 17e iuw. Se stienen oant de restauraasje fan de jierren 1970 op it tradisjonele plak oan de súdlike muorre. Tsjintwurdich stiet de preekstoel yn it noardeastlike diel fan de tsjerke, wylst it hoophek nei it westlike diel fan de tsjerke ferhuze om dêr de moderne bankeblokken ôf te sluten. Mei de ferhuzing fan de preekstoel nei it koer waarden ek alle banken foar de gemeenteleden yn de rjochting fan it koer opsteld.

Oan de noarlike kant fan de tsjerke hinget in stik houtsnijwurk, dat eartiids mooglik in diel west hat fan in hearebank en by in 19e-iuwske restauraasje ûnder de flier fûn waard. It toant de Grykske god Hermes op in karre mei yn syn hân in fan slangen omkronkele stêf.

Yn de tsjerke hingje trije 18e-iuwske kroanluchters.

De tsjerke is ek yn it besit fan in fotyfskip. It is it model fan de walfiskfarder Jonge Jan.

It oarspronklik ienmanualige oargel fan de tsjerke waard yn 1894 troch Bakker & Timmenga boud. Yn de jierren 1970 waard it ynstrumint mei in twadde manuaal útwreide.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: