Gieltsje
It gieltsje (Gonepteryx rhamni) is in flintersoarte yn it skaai fan de gieltsjes (Gonepteryx).
gieltsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Gonepteryx rhamni | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Foarkommen
bewurkje seksjeIt gieltsje is in algemiene stânflinter. Hy libbet op ferskate plakken dêr't de planten Stikelhout en Sprakelhout groeie. It Gieltsje wurdt yn hiel Nederlân waarnommen, allinnich op de seeklaai, it rivieregebiet en de Flevopolders is er wat seldsumer. It Gieltsje is de lêste tsien jier sterk efterútgongen. Oft dat no ûnderdiel is fan natuerlike ferskillen of dat it gewoan in efterútgong is, is net dúdlik.
Op de reade list stiet de flinter as: net bedrige.
Flinter
bewurkje seksjeDe wjuklingte is 27 oant 30 mm. It Gieltsje is dúdlik wer te kennen. It mantsje is gielich, mar it wyfke is ynwyt, folle witer as it mantsje. De flinter oerwinteret yn beamkeguod en tichte gerssoarten.
-
Gonepteryx rhamni ♂
-
Gonepteryx rhamni ♂ △
-
Gonepteryx rhamni ♀
-
Gonepteryx rhamni ♀ △
Fleantiid
bewurkje seksjeIt Gieltsje fleant fan begjin july oant de winter. It fleant altyd yn ien generaasje.
Rûp
bewurkje seksjeDe rûp kin oant 35 mm wurde. It liif is grien mei fine swarte stipkes. De kop is grien en is ek bedutsen mei swarte stipkes. De groeitiid fan de rûp is fan de maitiid oant de simmer.
De rûp fret fan Sprakelhout en Stikelhout.
Taksonomy
bewurkje seksjeIt Gieltsje waard troch Carolus Linnaeus beskreaun as Papilio rhamni yn de tsiende útjefte fan syn Systema Naturae (1758). De namme Gonepteryx rhamni wurdt taskreaun oan William Leach (1815).
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Wikisoarten-side - Gieltsje (Gonepteryx rhamni).