Hollum
Hollum is it meast westlike doarp op it Amelân. It is ek it grutste doarp yn de gemeente, mei likernôch 1400 ynwenners (2007).
Hollum leit oan it Borndjip en is dêrmei ek it grutste fan de fjouwer doarpen op It Amelân. Yn it doarp binne in soad smelle strjitsjes en kommandeurshuzen. De takkele rânen fan de gevels jouwe de rang fan de seefarder oan dy't yn it hûs wenne. Hoe mear takkels op de gevelrânen, hoe heger de rang.
It besjen wurdichBewurkje
SorgdragermuseumBewurkje
It kultuer-historyske Sorgdragermuseum sit yn it eardere kommandeurshûs út 1751. Der is in wikseleksposysje en der wurde dialêzingen en rûnliedingen organisearre.
ReddingsmuseumBewurkje
Yn it eardere rêdingsboathûs sit Rêdingsmuseum "Abraham Fock" gevestigd. De namme komt fan de oant 1988 tsjinst dwaande hyndersreddingsboat dy't noch te besjen is. By demonstraasjes wurdt de boat troch tsien hynders fan it museum nei de see ta brocht.
Stellingmole De FerwachtingBewurkje
Yn mole De Ferwachting wurdt geregeld nôt of moster meald.
MienskipBewurkje
Sûnt 1948 bestiet de Feriening Doarpsbelang. De feriening wol bûten de eigen belangen ek it toerisme befoarderje. It doarp hie yn it earstoan in eigen VVV, dy't letter opgien is yn de VVV fan It Amelân. Sa waarden skulpepaadsjes oanlein, foarsjennings makke, strânfeesten en optochten organisearre.
- Sundeklazen
It Sinteklaasfeest wurdt yn Hollum noch as fanâlds dien. Op 4 desimber is it feest foar de bern, op 5 desimber foar boppe de achttjin jier. Allinnich jonges en manlju ferklaaie har. Der wurdt dan op buffelhoarns blaasd en men mei net werkend wurde, ek net oan de stim. De saneamde baanfeiers feie alles wat frou hjitte kin fan de strjitte. De "Ouwe Sunderklazen" of "Omes" meie froulju en famkes twinge om te dûnsjen.
- dweilorkest
De "Hollumer Gromkes" is in dweilorkest dat yn 1991 oprjochte is mei de Blauhúster Dakkapel as foarbyld. Ynstee fan de Fryske truien drage de muzikanten in trui mei it Amelanner wapen.
BefolkingBewurkje
Berne yn HollumBewurkje
- Willem Cornelis de Groot (6 oktober 1853), arsjitekt († 1939)
- Hannes de Boer (2 desimber 1899), fierspringer († 1982)
- Jan Bruin (30 septimber 1969), fuotballer
StrjittenBewurkje
Alle strjitten fan Hollum.