Ballum is it lytste doarp op it Amelân, oan de westkant fan it eilân. De namme komt fan de persoansnamme Balle mei de útgong - um.
It doarp hat likernôch 345 ynwenners (2012). Yn it sintrum is in lytse brink mei beammen der om en in frijsteande toer. Dy hearde eartiids wierskynlik by de slotkapel.

Ballum
Toer en tsjerke fan Ballum
Toer en tsjerke fan Ballum
Emblemen
       
Sifers
Ynwennertal 480 (2021)[1]
Polityk
provinsje Fryslân
gemeente It Amelân
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 27' NB, 5° 41' EL
Amelân Fleanfjild Ballum
Amelân Fleanfjild Ballum
Kaart
Ballum (Fryslân)
Ballum
Ryksmonumint oan de Camminghastrjitte

Ballum is lykwols it lytste doarp fan it eilân, dochs is it doarp de lokaasje fan it gemeentehûs fan It Amelân.

Skiednis Bewurkje

De Cammingha's Bewurkje

Yn de 15e iuw wennen de Cammingha's hjir, de eardere frijhearen fan it eilân. It slot fan de Cammingha's is yn 1829 ôfbrutsen. Sawat op it âlde stee is yn 1975 in nij gemeentehûs set. Ballum waard derom ek wolris kastielresidinsje neamd. Dêr is eins neat mear fan oer. De grêfstien dy't de grêfkelder eartiids ôfsleat is no de flier fan it lykhúske fan Ballum.

En fierders Bewurkje

Ut de 18e iuw binne noch âlde huzen mei ankerdatearringen bewarre bleaun. De pleatsen litte it boereferline fan it doarp sjen. De buorren fan Ballum binne in beskerme doarpsgesicht. De âlde byldhoude preekstoel yn de herfoarme tsjerke is it besjen wurdich.

Oant de Twadde Wrâldkriich wie der tsientallen jierren lang de feartsjinst tusken Swarte Harne en Ballum. Yn 1940 waard de feartsjinst troch de Duiters fuortset fan de pier fan Holwert ôf nei Nes.

Fleanfjild Bewurkje

Foar needgefallen is by Ballum in lyts fleanfjild oanlein, Ameland Airport Ballum. Soks kin nedich wêze by tichtfriezen fan de Waadsee, by ûngelokken of urginte opname yn in sikehûs. In SAR-helikopter is dan in útkomst. By't simmer kinne ek rûnflechten makke wurde, of oan sweeffleanen en parasprongen dien wurde. It útstapke meitsje nei Tessel of it Dútske Waadeilân Borkum kin ek.

Befolking Bewurkje

Strjitten Bewurkje

Alle strjitten yn Ballum.

Sjoch ek Bewurkje

Berne yn Ballum Bewurkje

  • Eelke Bakker (28 july 1910 – 3 maaie 2020), sûnt 4 augustus 2018 de âldste Fries ea.

Keppeling om utens Bewurkje

Boarnen, noaten en referinsjes Bewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
 
Plakken yn de gemeente It Amelân
 
Doarpen: BallumBuerenHollumNes
Buorskippen: BallumerbochtKoaipleats