Amelân Fleanfjild Ballum

(Trochferwiisd fan Ameland Airport Ballum)

Amelân Fleanfjild Ballum (Ameland Airport Ballum (ICAO: EHAL) is in lyts fleanfjild by Ballum op it Amelân. It fleanfjild leit yn it westlik part fan It Amelân. It loftferkear kin gebrûk meitsje fan in gersbaan fan 998 by 30 meter. It fleanfjild It Amelân is it meast noardlike fleanfjild fan Nederlân.

Amelân Fleanfjild Ballum
Ameland Airport Ballum
It Amelanner fleanfjild
It Amelanner fleanfjild
IATA: ICAO: EHAL
Algemien
Oprjochte 1945
Type Boarger
Eigener Gemeente It Amelân
Lokaasje Ballum
Hichte 4 m/11 ft boppe NAP
53° 27' 6" NB, 5° 4' 38" EL
Webside www.ehal.nl
Startbanen
   Baan      Lingte   Materiaal
08/26 860 m Gers
Kaart
Amelân Fleanfjild Ballum (Fryslân)
Amelân Fleanfjild Ballum

Op it fleanfjild wurde in tal saaklike en bedriuwsflechten ôfhannele, mar der fine benammen rekreative flechten plak, bygelyks rûnflechten, sweefflechten en parasjútflechten. It fleanfjild is simmerdeis oerdei iepene.

Yn de simmermoannen makket ek de Sweeffleanklup It Amelân gebrûk fan it fleanfjild.

Neist it gewoane gebrûk wurdt it fleanfjild ek as lanningsplak brûkt foar helikopters fan de Ljouwerter SAR. Dy fersoarget syk- en rêdingsaksjes, en docht ek it ambulânseferfier nei de waadeilannen, útsein Tessel.

Der binne 5500 fleanbewegings it jier op it fleanfjild. OFD Ostfriesischer-Flug-Dienst biedt op fersyk tsjinsten oan nei Boarkum en Emden.[1]

Yn 1929 skreau de KLM yn in brief oan de gemeente It Amelân dat it goed wêze soe foar de ûntwikkeling fan it eilân om der in fleanfjild oan te lizzen, ek om It Amelân út har isolemint te heljen. Tusken 1929 en 1938 ûndersocht de gemeente mei stipe fan Rykswettersteat de mooglikheden, ek besocht it grûn te krijen. Troch de Twadde Wrâldkriich waarden de aktiviteiten foar de oanlis fan it fleanfjild stillein. Yn augustus 1945 wol ek Definsje besykje in fleanfjild op It Amelân te krijen. Yn desimber fan dat jier begûnen 41 frijwilligers fan Ballum ûnder lieding fan de gemeente mei de oanlis fan it fleanfjild by Ballum. Mei gearwurking fan de Heidemaatskippij wurdt it fleanfjild oanlein. Op 13 maaie 1957 wiist de Minister fan Ferkear en Wettersteat it terrein oan as loftfeartgebiet.

Gebrûk fan it fleanfjild

bewurkje seksje

It loftfeartgebiet It Amelân is yn it behear fan de gemeente It Amelân. It ryk is net op it mêd fan it bestjoer, mar finansjeel belutsen by it loftfeartgebiet.

Foar de fleanfjilden mei (lûds)sônes moat neffens wetsartikel 28 fan de Loftfeartwet in kommisje miljeuhygiëne ynsteld wurde. Dy kommisje wurdt ek wol de Kommisje 28 neamd, nei it wetsartikel út de Loftfeartwet. It wichtichste wurk fan de kommisje is it jaan fan rie oan de minister oer it fleanfjild.

Oantsjuttingsbeslút

bewurkje seksje

Op grûn fan de Loftfeartwet is it loftfeartgebiet troch de minister fan Ferkear en Wettersteat oanwiisd by beskikking op 26 april 1996. Nei oanlieding fan in útspraak fan de Rie fan Steat fan 12 desimber 2001 moast der in nij beslút op beswier nomd wurde foar de lûdssône. Dêrnei koe der net mear werom komd wurde op it beslút.

Foarsjenningen

bewurkje seksje

Sûnt 2007 binne de neikommende tiden yn gebrûk:

  • Simmerperioade: Neffens it iepeningstidenskema is it fleanfjild fan april oant en mei septimer sân dagen yn de wike iepen, fan 9:30 oere oant 19:00 oere.
  • Winterperioade: Fan oktober oant en mei maart hat faksen of it yntsjinjen fan flechtplannen gjin sin, de loftferkearstoer is dan ticht. Nei tastimming kin hja starte as lânje tusken 9:30 oere en 12:00 oere, en tusken 14:00 oere en 17:00 oere. Wol moat dan twa oeren dêrfoar oer de telefoan tastimming frege wurde.

Op it stuit hat it fleanfjild ien start- en lanningsbaan, dit is Baan 09-27, in gersbaan. Yn de takomst moat der noch in start- en lanningsbaan bykomme, dit moat Baan 13-31 wurde.

Kommunikaasje

bewurkje seksje
  • De ICAO-lofthavenidentifikaasjekoade is EHAL
  • Ameland Radio: 118,350 MHz
  • RAPCON North: 122,100 MHz
  • Dutch Mil: 132,350 MHz

Nijsgjirrich

bewurkje seksje

It fleanfjild is troch de Minister fan Ferkear en Wettersteat oantsjut as iepenbier nasjonaal loftfeartgebiet yn de ICAO kategory 2B. Dat betsjut dat der fleantugen ôfhannele wurde meie dy’t in spanwiidte hawwe oant 24 meter en/of in tsjilbasis hawwe oant maksimaal 6 meter. Tsjintwurdich binne der likernôch 5.500 fleanbewegings (start as lâning) jiers. It fleanfjild mei fuort oanflein wurde fan lannen út dy’t it Schengenferdrach tekene hawwe. It oanfleanen moat by foarkar barre mei twa korridors oer de Waadsee, ien oer Harns en ien út de rjochting fan Dokkum.[2]

Yn it ferline hat it fleanfjild by Ballum ferskate kearen yn it nijs west. Sa binne der yn 1974 parten fan de film 'Dakota' op it fleanfjild opnomd.

  • Op 14 augustus 2000, om fiif foar seizen yn de moarn waard op It Amelân in Cessna 172 M stellen,[3] dat it eigendom wie fan Aero Service yn Lelystêd. Troch de lofthavenmaster waard de kustwacht warskôge, dy’t doe de alarmfase foar it fleangebiet ôfkundige, sa waarden boaten en fleantugen alarmearre. Ek waarden fleanfjilden yn de omkriten fan de sitewaasje op de hichte steld.
  • By it fleanfjild fan Ballum waard dêrnei de stellen auto fan in 34-jierrige bewenner fan Ballum fûn. De dieder is nei alle gedachten yn beide gefallen deselde. Mar de dieder en it fleantúch wienen net te finen.
  • Op woansdei 24 augustus 2000 waard op it Noardseestrân fan it Amelân it lichem fûn fan in 45-jierrige psychiatrysk pasjint dy’t troch de polysje socht waard yn ferbân mei it stellen fan de Cessna. Omdat wat dagen nei de stellerij it noastsjil fan it tastel fûn wie waard der al toch dat de Dokkummer om it libben kaam wie. Gerlof Sijtsma, dy’t yn it ferline fleanlessen folge, hie de jûn foar syn died oan de havenmaster sein dat hy gau nei in freondinne yn Kopenhagen moast. Nei syn ferdwinen waarden de see en kust fan Nederlân oant en mei Denemark ôfsocht, mar nei alle gedachten is it tastel al koart nei it opstijgen yn see rekke.
  • Op tiisdei 2 juny 2009 stoarte in helikopter mei twa minsken deryn del by it fleanfjild. De helikopter kaam fan Lelystêd nei It Amelân, mar rekke by de lanning yn de problemen. De twa ynsittenden rekken net ferwûne.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: