It Amelân
It Amelân (Nederlânsk: Ameland) is ien fan de fiif Nederlânske Waadeilannen. It is in gemeente, dy't in oerflak fan 268,5 km² beslacht (wêrfan 209,67 km² wetter), en in kustline fan 55,2 km hat. De gemeente hat 3.826 ynwenners (1 jannewaris 2024).
It Amelân | |
---|---|
Dunen en see op it Amelân. | |
flagge | wapen |
Wapen fan It Amelân | |
lokaasje | |
polityk | |
lân | Nederlân |
provinsje | Fryslân |
boargemaster | Leo Pieter Stoel (VVD) |
sifers en geografy | |
haadplak | Ballum |
grutste plak | Hollum |
ynwennertal | 3.826 (1 jannewaris 2024) |
befolkingstichtens | 64 / km² |
oerflak | 268,50 km² |
● wêrfan lân | 58,83 km² |
● wêrfan wetter | 209,67 km² |
tal doarpen | 4 |
skiednis | |
oprjochte | 1851 |
1814–1851 | Gritenij It Amelân |
oar | |
netnûmer | 0519 |
postkoade | 9161–9164 |
tiidsône | UTC +1 |
simmertiid | UTC +2 |
webside | Side home-ameland |
Plakken
bewurkje seksjeIt haadplak fan it eilân is Nes, en de oare plakken op it eilân binne: Ballum, Bueren en Hollum.
Skiednis
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Amelân.
Krekt hoe lang at it Amelân al bewenne wurdt, is net wis. It begjin fan de skiedskriuwing oer it Amelân is lykwols de stifting fan it kleaster Foswert yn 889. Oant 1405 hearde it eilân by Ferwerderadiel. Nei 1405 stribben de hearren fan it Amelân, it geslacht Van Cammingha ta in ûnôfhinklike steat, wat it eilân oant 1795 west hat. Nei de Frânske tiid waard it Amelân in gritenij fan Fryslân en by de ynfiering fan de gemeentewet, yn 1851, in gemeente.
It eilân hat yn de rin fan de tiid ferskate doarpen ferlern, oan de see en oan it sân. Yn de 18e iuw drige de Slinke it eilân sels yn twaen te brekken, mar minsk en natoer hawwe dit net barre litten. Fan 1872 oant 1882 hat It Amelân fia de Amelânske Daam mei de wâl ferbûn west. Om't de see machtiger wie as de minsk, hat men de daam opjaan moatten, mar by leech wetter kin men der hieltiid noch parten fan lizzen sjen.
Polityk
bewurkje seksjeFerdieling gemeenteried
bewurkje seksjeDe gemeenteried fan It Amelân bestiet út 11 sitten. De útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezings binne sûnt 2018:
partij | ferkiezings 2018[1] | ferkiezings 2022[2] | ||
---|---|---|---|---|
% | sitten | % | sitten | |
AMELAND1 | 42,9 | 5 | 36,5 | 4 |
ALGBEL AMELAND | 20,4 | 2 | 23,3 | 3 |
CDA | 12,5 | 1 | 11,9 | 1 |
PVDA | 8,8 | 1 | 9,9 | 1 |
AMELAND '82 | 8,0 | 1 | 11,0 | 1 |
VVD | 7,4 | 1 | 7,4 | 1 |
opkomst/totaal sitten | 80% | 11 | 71,2% | 11 |
Taal
bewurkje seksjeOp it Amelân wurdt Amelânsk sprutsen, ien fan de dialekten fan it Stedsk. Al is dit fan oarsprong in mingtaal tusken Frysk en Hollânsk, it Amelânsk stiet no sa fier fan it Frysk ôf dat de measte ynwenners gjin Frysk ferstean kinne.
Fear
bewurkje seksjeOftocht fan de daam, hat de ferbining fan it Amelân mei de wâl altyd in fear west. Dat fear giet fan Nes nei Holwert yn Noardeast-Fryslân. Oant likernõch 1940 hie West-Amelân in eigen fear, dat fan de Ballumer Bocht nei Swarte Harne gie.
Nijsgjirrich
bewurkje seksjeIt Amelân is ek bekend fan de sêge fan Rikst fan it Oerd.
Sjoch ek
bewurkje seksje-
Fjoertoer fan It Amelân
-
Fearboat Oerd
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Fryske eilannen |
---|
Westfryske eilannen: |
· · |
It Amelân | ||
---|---|---|
Doarpen: Ballum • Bueren • Hollum • Nes | ||
Buorskippen: Ballumerbocht • Koaipleats | ||
· · |