Leo Pieter Stoel
Leo Pieter Stoel (Súdwâlde (Grinslân), 22 augustus 1962) is in Frysk ekonoom, politikus en bestjoerder fan Grinslânsk komôf. Hy is lid fan de VVD. Sûnt 16 jannewaris 2020 is er boargemaster fan It Amelân.
Leo Pieter Stoel | ||
politikus | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 22 augustus 1962 | |
berteplak | Súdwâlde (Grinslân) | |
etnisiteit | Frysk | |
partij | VVD | |
wethâlder fan Súdwest-Fryslân | ||
amtsperioade | 2011 - 2014 | |
Steatelid fan Fryslân | ||
amtsperioade | 2015 - 2019 | |
boargemaster fan It Amelân | ||
amtsperioade | 2020 - no | |
foargonger | Gerard van Klaveren (wnd.) |
Biografy
bewurkje seksjeYn 1976 ferhuze Stoel van Delfsyl nei Snits. Nei it vwo studearre er ekonomy (doktoraal) en rjochten (propedeuse) oan 'e Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Hy wie ek lid fan it haadbestjoer fan de JOVD. Fan 2011 oant 2014 wie er wethâlder fan de gemeente Súdwest-Fryslân en fan 2015 oant 2019 Steatelid fan Fryslân. Oant syn boargemasterskip wie er Control & MI Officer by AEGON Asset Management. Sûnt 16 jannewaris 2020 is er boargemaster fan It Amelân.
Njonken it boargemasterskip is Stoel lid fan de seksje wedstriidsilen fan de Keninklike Wettersportferiening Snits, nasjonale rjochter by de Wettersportferbûn en betrouwenspersoan by de VVD Fryslân. Hy is boaske en hat twa soannen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|