Delfsyl
Delfsyl[2] (Nederlânsk en offisjeel: Delfzijl; Grinslânsk: Delfsiel) is in havenstêd yn it noardeasten fan de provinsje Grinslân oan de mûning fan de Iems.
Delfsyl | |
---|---|
![]() | |
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 15.291 (2021) [1] |
Oerflak | 11,01 km² wêrfan lân: 10,37 km² wêrfan wetter: 0,60 km² |
Befolkingstichtens | 1475 ynw. / km² |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 19' N 6° 55' E |
Webside | Side Delfsyl |
Delfsyl hat de de grutste haven fan Noard-Nederlân mei 12 % fan de gemy fan Nederlân. Delfsyl is de fjirde stêd fan de provinsje Grinslân en is de lêste stêd yn Nederlân dy't offisjeel stedsrjochten krigen hat, yn 1825
GemeenteBewurkje
De gemeente Delfsyl ûntstie yn 1808 en telde oant de opheffing 24.635 ynwenners (1 desimber 2020). De gemeente Delfsyl bestie út 13 doarpen en 24 buorskippen en waard mei de gemeenten Appingedam en Loppersum mei yngong fan 1 jannewaris 2021 yndield by de nije gemeente Iemsdelta.
De grutste plakken yn de gemeente Delfsyl wiene:
Namme | Ynwenners (2005) |
---|---|
Delfsyl | 17.080 |
Farmsum | 2.510 |
Wagenborgen | 1.910 |
Spijk | 1.250 |
Holwerd | 1.040 |
(boarne: CBS Gemeente op maat - PDF) |
De oare plakken yn de gemeente binne: Amsweer, Arwerd, Baamsum, Bierum, Biessum, Binnen Ae, Borgsweer, Dallingeweer, Dekkershuizen, Delfzijl, Farmsum, Feldwerd, Fiemel, Geefsweer, Godlinze, Heveskes, Heveskesklooster, Ideweer, Holwierde, Krewerd, Ladysmith, Lalleweer, Losdorp, Meedhuizen, Nansum, Naterij, Nooitgedacht, Opmeeden, Oterdum, Polen, Spijk, Termunten, Termunterzijl, Tuikwerd, Tuikwerderrak, Tweehuizen, Uiteinde, Uitwierde, Vierburen, Vierhuizen, Wagenborgen, Wartum, Weiwerd, Woldendorp en Zeshuizen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|