Loppersum (Grinslân)
Loppersum (Grinslânsk: Loppersom) is in doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân.
Loppersum (Grinslân) | ||
Petrus- en Paulustsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Iemsdelta | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.330 (2023) [1] | |
Oerflak | 11,48 km² wêrfan lân: 11,37 km² wêrfan wetter: 0,12 km² | |
Befolkingsticht. | 204 ynw. / km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 19' N 6° 44' E | |
Kaart | ||
It doarp, dat oan de Lopster Wijmers leit, hat noch in grut tal foarsjennings, mar troch de ierdgaswinning in soad lêst fan ierdskoddings.
Skiednis
bewurkje seksjeLoppersum ûntstie yn de iere midsiuwen op in wier oan de Fivelboezem. Om it doarp hinne lizze noch trije lytsere wieren foar pleatsen. De oantsjutting 'Loppesheim' wurdt foar it earst yn 945 brûkt yn in list fan besittings fan de abdij fan Fulda. De namme stamt fan de hear Loppes (of Luppes) dy't der wenne (um = hiem).
Om 800 hinne waard nei alle gedachten foar it earst in tsjerke op de wier boud. De hjoeddeiske tsjerke is begjin 13e-iuwsk. By Loppersum stie eartiids de boarch Duirsum, ôfbrutsen om 1727 hinne. Dêr wenne yn de 16e iuw de wrede Johan de Mepsche, dy't Spaansksinnich wie en neffens sizzen begroeven is yn 'e tsjerke fan Loppersum (it grêf is lykwols oant de dei fan hjoed net te finen).
Yn 1811 waard Loppersum it haadplak fan in gemeente mei deselde namme, mar oant 1925 hie de gemeente gjin eigen gemeentehûs. Fan 1824 oant de bou fan it nije gemeentehûs yn 1925 hierde de gemeente in boppekeamer oan de Lagestraat. De gemeente Loppersum waard yn 2021 opheven doe't de gemeente ûnderdiel waard fan de gemeente Iemsdelta.
By it doarp waard yn 1849 de nôtmûne 'De Stormvogel' boud. Yn de rin fan de tiid is de âlde wierstruktuer fan it doarp ferlern gien. It doarp krige in langwerpige foarm mei fral bebouwing om de sintrale haadwei hinne. Loppersum is noch ryk oan monuminten út de 19e en 20e iuw en in part fan it doarp is oanwiisd as beskerme doarpsgesicht.
Ierdskoddings
bewurkje seksjeOp 24 oktober 2003 en 10 novimber 2003 waard Loppersum troffen troch in ierdskodding mei in krêft fan 3.0 op de Skaal fan Richter. Op 16 augustus 2012 waard by it tichtebylizzende Huizinge in ierdskodding fielt mei in krêft fan 3,6, de grutste ierdskodding dy't ea metten waard yn Noard-Nederlân. De befolking moast lang wachtsje op erkenning dat de skea troch de gaswinning feroarsake waard en in soad minsken wachtsje noch jimmeroan op in fergoeding fan de skea en de weardedelgong fan de hûzen. De grûn trillet faker, mar net sa dat it altiten field wurdt.
Petrus- en Paulustsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Petrus en Paulustsjerke (Loppersum).
De Petrus- en Paulustsjerke is in foarse midsiuwske tsjerke dy't oan de apostels Petrus en Paulus wijd waard. De tsjerke is de grutste doarpstsjerke fan de provinsje en mei syn dûbele dwersskip en foarse toer draacht de tsjerke de bynamme boerekatedraal.
Befolkingsûntjouwing
bewurkje seksje1840 | 1995 | 2005 | 2013 | 2023 |
---|---|---|---|---|
2.059 | 2.490 | 2.590 | 2.671 | 2.330 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013 en 2023: Alle Cijfers.)
Ferfier
bewurkje seksjeLoppersum leit oan it spoar fan Grins nei Delfsyl en wurdt betsjinne troch it stasjon Loppersum. De trein rydt op wurkdagen en sneons oerdeis alle 30 minuten nei Grins en allyksa nei Delfsyl. Jûns en sneins wurdt der mei in oerefrekwinsje riden. De eksploitaasje fan it spoar fan Grins nei Delfsyl wurdt dien troch Arriva.
Berne
bewurkje seksje- Haijo Apotheker, (waarnimmend) boargemaster fan û.o. Ljouwert, Snits, Súdwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Hotel Spoorzicht
-
Stasjonsleane 1
-
De Stormvogel
-
Alde gemeentehûs
-
Wenhûs De Leeuw
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.
|