Solwerd (Frysk: Solwert) is in doarpke oan de eastlike kant fan Appingedam yn de Grinslânske gemeente Iemsdelta. Tsjintwurdich is it doarp eins ûnderdiel fan de wenwyk Appingedam-East woarn. Foar postkoades en adressen leit Solwerd yn Appingedam.

Solwerd
Weem fan Solwerd
Weem fan Solwerd
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 235 (2021) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 52' E
Kaart
Solwerd (Grinslân)
Solwerd

Solwerd stamt fan 'sol', itjinge dobbe betsjut, en 'wier'; de ferklearring fan de namme is in wier yn in sompige omjouwing. Nei alle gedachten hie it doarp sûnt de 13e iuw in eigen, oan Sint-Jakobus wijde, parochytsjerke. Foar dy tiid foel Solwerd ûnder it kerspel Marsum.

 
Solwerter tsjerke

Foar de reformaasje wie Solwerd in beafeartsplak. Oan it begjin fan de 16e iuw waard (likernôch op it plak fan de tsjintwurdige rotonde oan it ein fan de Beatrixwei) in kapel fan it Hillich Sakramint boud nei't manlju in sulveren tsjelk mei trije hosty's út de tsjerke stellen hiene. De hosty's waarden driuwend en opljochtsjend yn in sleat werom fûn en om dat wûnder te betinken waard oer dat plak in kapel boud. Under it heechalter lei in stiennen trep nei de sleat dêr't wetter helle wurde koe, dat, sa tochten de minsken, genêskrêftich wie. It wûnder liede ta in soad oanrin fan pylgers en dus ek in soad ynkomsten, mar ek ta in skeel tusken de tsjerklike autoriteiten en de pastoar fan Solwerd oan de iene kant, en de pastoar fan Appingedam oan de oare kant oer de rjochten op dy ynkomsten. In skikking makke yn 1523 in ein oan dat skeel en paus Klemens VII befêstige dy skikking twa jier letter nochris.

Nei't de 13e-iuwske Jakobustsjerke by de belegering fan Appingedam yn 1536 ôfbaarnd waard, waard de beafeartskapel in parochytsjerke. Mei de Reduksje fan Grins waard de tsjerke yn 1594 protestantsk, mar ferskate opdrachten fan de synoade om de kapel te ferkeapjen en de put ticht te smiten waarden net útfierd. It duorre noch oant yn it lêste fearn fan de 18e iuw dat de put lang om let tichtsmiten waard. Yn 1738 waard lang om let ek de kapel ôfbrutsen nei't op it plak fan de âlde Jakobustsjerke de tsjintwurdige klassisistyske tsjerke boud waard. De weem (pastorije) mei yn de foarbou in gevelstien fan 1554 bleau út dy tiid wol bewarre.

 
Pleats oan de Pastorijeloane

De eartiidske boarch fan it doarp wie in stienhûs, dêr't fierder net in soad fan bekend is. Yn 1530 wurdt de boarch foar it earst neamd. De iennige bekende eigner wie Eppe Baukens, besibbe oan de famylje Gockinga.

Troch it sluten fan in ferpleechhûs yn Solwerd is it tal ynwenners yn 2017 foars ôfnommen. Op it plak fan it ferpleechhûs sille de ierdskoddingsbestindige gebouwen foar in nije skoallemienskip boud wurde foar likernôch 1.700 learlingen.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers
  2. Eemskrant, 5 febrewaris 2020

  Iemsdelta  
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
  ·   ·