Iemsdelta

gemeente yn Grinslân

De gemeente Iemsdelta (Nederlânsk: Eemsdelta) is in gemeente yn it noardeasten fan Grinslân. De gemeente waard op 1 jannewaris 2021 troch de gearfoeging fan de eardere gemeenten Appingedam, Delfsyl en Loppersum foarme en hat meiïnoar 32 plakken. De gemeente hie op 1 jannewaris 2024 45.070 ynwenners (boarne: CBS).

Iemsdelta

Eemsdelta

De Iems by Delfsyl
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplak ûnbekend
grutste plak Delfsyl
ynwennertal 45.070 (1 jannewaris 2024)
oerflak 364,07 km²
● wêrfan lân 267,89 km²
● wêrfan wetter 96,18 km²
tal stêden 2
tal doarpen 30
ferkearsieren , ,
Spoarline Grins-Delfsyl
skiednis
oprjochte 2021
Oant 2019 Appingedam
Delfsyl
Loppersum
oar
netnûmer 0594, 0595, 0596
postkoade 9900-9934, 9936-9937, 9945-9949, 9987, 9990-9994
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.eemsdelta.nl
Topografyske gemeentekaart fan Iemsdelta

De gearfoeging wie in gefolch fan de yntinsjeferklearring op 16 novimber 2017 fan de gemeenten om te fusearjen. Op 12 jannewaris waard de datum fan de fúzje fêsteld op 1 jannewaris 2021. In wetsfoarstel ta gearfoeging fan de trije gemeentes waard op 22 april 2020 troch de Twadde Keamer en op 7 july 2020 troch de Earste Keamer oannommen.

De ynwenners mochten sels kieze hokker namme fan de trije útstellen de nije gemeente krije soe:

  • Iemsdelta (nei de mûning fan de Iems, alhoewol't dy gjin delta is)
  • Fivelgoa (nei de krite Fivelingoa dêr't de trije gemeentes yn lizze)
  • Marenlân (mei in "maar" wurdt yn Grinslân en East-Fryslân ferwiist nei in wetterrin).

De opkomst wie 42% en op 6 jannewaris 2019 makken de boargemasters fan de gemeenten bekend dat de kar foar de nije namme op Iemsdelta foel.

De gemeente bestiet út 32 kearnen, dêr't der twa stêden fan binne:

Plak Ynwenners (2021)[1]
Appingedam 11.500
Bierum 575
Borgsweer 130
Delfsyl 15.240
Eenum 95
Farmsum 1.620
Garrelsweer 450
Garsthuizen 180
Godlinze 240
Holwierde 980
Huizinge 105
Krewerd 75
Leermens 175
Loppersum 2.570
Losdorp 145
Meedhuizen 815
Middelstum 2.2325
Oosterwijtwerd 150
Seeryp 420
Syldyk 165
Spijk 1.640
Startenhuizen net bekend
Stedum 1.065
Termunten 330
Termunterzijl 295
Toornwerd 60
Wagenborgen 1.685
Westeremden 350
Westerwijtwerd 85
Wirdum 365
Woldendorp 890
't Zandt 970

De gemeente telt twa havens: in grut yndustryhavenkompleks by Delfsyl, Farmsum en de Oosterhorn, dy't ûnder beheear fan it havenskip Groningen Seaports binne, mei in yn- en in úterdykse jachthaven en in jachthaven by Termunterzijl.

De útslaggen neffens de weryndielingsferkiezings fan 8 novimber 2020:

Namme partij stimmen % sitten
Lokaal Belang Iemsdelta 5243 31,92 11
PvdA 2650 16,13 5
KristenUny 1804 10,98 3
VVD 1693 10,31 3
CDA 1656 10,08 3
Gemeentebelangen Iemsdelta 1326 8,07 2
GrienLinks 953 5,8 2
Jongerepartij Iemsdelta 428 2,61 0
Senioarepartij Iemsdelta 403 2,45 0
D66 268 1,63 0
Totaal 16.424 100 29

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Sintraal Buro foar de Statistyk

Grinslân
 
Flagge fan de provinsje Grinslân
Aldamt - Feandam - Grins (haadstêd) - It Hegelân - Iemsdelta - Midden-Grinslân - Pekela - Stedskanaal - Westerkertier - Westerwâlde
  ·   ·  
  Iemsdelta  
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
  ·   ·