Oosterwijtwerd (Grinslânsk: Oosterwiewerd; Frysk: Easterwytwert) is in doarpke en in eardere gemeente yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. Oosterwijtwerd leit noardlik fan it spoar Grins-Delfsyl en de N360 tusken Loppersum en Appingedam.

Oosterwijtwerd
Batenburg
Batenburg
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 196 (31-12-2021) [1]
Oerflak 3,89 km², wêrfan:
lân: 3,86 km²
wetter: 0,03 km²
Befolkingsticht. 51 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 20' N 6° 48' E
Offisjele webside
Side Oosterwijtwerd
Kaart
Oosterwijtwerd (Grinslân)
Oosterwijtwerd

De delsetting waard likernôch oan it begjin fan de jiertelling op in wierde boud oan de rân fan de eartiidske Fivelboezem. De namme 'wijtwerd' bestiet út de wurden 'widu' (strewel, hout) en 'weerd' (heech plak yn sompich lân). It stikje 'Ooster' is nei de midsiuwen tafoege om it doarp te ûnderskieden fan Westerwijtwerd. De hjoeddeiske maren binne oarspronklik de streamkes fan it oarspronklike kweldergebiet. De westlike grins fan de wierde is it Godlinzermaar, dat westlik fan it doarp gearrint mei it Leermenstermaar en it Spijkstermaar en dan it Oosterwijtwerdermaar hjit, dat in hiel ein fierder súdlik op it Damsterdjip útkomt.

Doe't de Westfaalske fjildhear Meindert fan Ham yn 1536 Appingedam mei in foars leger foar in skoft besette, plondere dy yn dy tiid in tal doarpen yn de omjouwing, ek Oosterwijtwerd waard doe slim teheistere.

Oant 1811 wie Oosterwijtwerd in selsstannige gemeente. Dêrnei foarme it doarp ûnderdiel fan de gemeente 't Zandt, oant dy gemeente yn 1990 weryndield waard by de gemeente Loppersum. De gemeente Loppersum waard yn 2021 yndield by de nije gemeente Iemsdelta.

Oan de súdlike kant fan it doarp waard yn de 19e iuw it spoar fan Grins nei Delfsyl oanlein. Oosterwijtwerd krige in eigen halte, dy't nei it doarp ferneamd waard. It eastlike diel fan de wierde, dat net beboud wie, waard om 1900 hinne ôfgroeven. Dat diel wurdt oantsjut as de 'lege wier'. Letter waard ek it westlikste diel ôfgroeven. Dêrby moast sels in pleats ferhûzje. Mei de ferneatiging fan de wierde ferlear it doarp ek syn radiale wierdestruktuer.

It doarp krige yn de 20e iuw lâns de Damsterwei útwreiding. Tsjin it ein fan dy iuw wie de hiele middenstân ferdwûn. Ek de twa doarpskafee's waarden sletten.

Marijetsjerke

bewurkje seksje
 
Marijetsjerke

Op de wierde stiet de Marijetsjerke, ien fan de earste tsjerken fan Grinslân dy't folslein fan bakstien boud waard. Dendrogronologysk ûndersyk fan de kape wiisde út dat de tsjerke út de twadde helte fan de 12e iuw of de earste helte fan de 13e iuw datearret. By de tsjerke hat in frijsteande toer stien, dy't yn 1664 ynstoartte. Foar de reformaasje wie de tsjerke in wichtich beafeartsplak. Noardlik fan de tsjerke hat yn dy tiid in pylgershûs stien, wêrfan't yn 1644 de jezuïte-misjonaris Fransiskus Mijleman (1610-1667) noch ruïnes oantrof.

 
Pastorije

De âlde pastorije fan it doarp waard tsjin it ein fan de 19e iuw ôbrutsen om plak te meitsjen foar in nije pastorije oan de Doarpsstrjitte 31.

Yn de 15e iuw hat der in kleasterfoarwurk stien fan de Eastfryske Johanniter kommanderije Dünebroek. It kleaster wurdt yn 1472 neamd, mar bestie nei alle gedachten doe al in hiel skoft. It kleaster besiet lân yn Oosterwijtwerd, Wirdum, Eenum, in stik heechfean yn Slochteren en in flink stik grûn yn it Hoeksmeer, dy't sa't it liket fan it kleaster Blomhof oernommen wie. Ek de parochytsjerke en de pastorije fan it doarp hearde by it kleaster. It soe wêze kinne dat it kleaster selsstannich waard troch't de fromme Eastfryske haadling Fokko Ukena him yn Oosterwijtwerd nei wenjen sette. Nei't it kleaster skulden krige waard der kleasterbesit ferkocht. It memmekleaster wegere lykwols om wer noed te stean foar it kleaster fan Oosterwijtwerd, mar lang om let ûntferme it Heveskeskleaster him yn 1476 wer oer de kommanderije, dy't it wer omfoarme ta in foarwurk. Nei de reduksje fan Grins waarden alle Johanniter besittings yn besit nommen troch de protestanten.

Fokko Ukena liet yn 1411 in boarch by Oosterwijtwerd sette, dy't yn 1452 yn it besit kaam fan it laach Ripperda (en dêrom ek wol Ripperdaboarch neamd wurdt). De boarch waard yn 1500 beset troch 60 manlju fan de stêd Grins, dy't de boarch fersterke. Doe't greve Edzard opteach, loeken hja harren werom. Nei 1738 kaam de boarch yn hannen fan it neiteam fan de Ripperda's. Likernôch healwei de 18e iuw waard de boarch ôfbrutsen en op de lokaasje waard yn 1789 in pleats boud, dy't tsjintwurdich 'Schathuis Wijtwerder Heerd' neamd wurdt. De grêften binne letter op 'e nij útgroeven. Yn de tsjerke binne noch oantinkens oan de Ripperda's te finen, lykas de wapens op de 17e-iuwske hearebank, de roubuorden, in grêfkelder en in epitaaf.

Sûnt 1935 hat it doarp gjin eigen skoalle mear. De bern fan it doarp moasten yn dat jier nei de iepenbiere basisskoalle by de Deiftil, in skoalle dy't dielt waard mei de doarpen Leermens en Eenum. Dy skoalle waard yn 2013 sletten en tsjintwurdich moatte de bern fierder nei Appingedam of Loppersum.

 
De yn 1962 ôfbrutsen mûne fan Oosterwijtwerd

Oan de eastlike kant fan de Oosterwijtwerdermaar waard yn 1743 by Dieftil in pelmûne boud, dy't letter ek as nôtmûne wurke, mar yn 1889 ôfbaarnde. De ôfbrutsen pel- en nôtmûne út 1818 fan Briltil ferhûze doe nei Oosterwijtwerd om dêr wer opboud te wurden. Yn dy mûne stie in elektromotor, dy't yn 1934 ferfongen waard troch in dieselmotor fan Brons út Appingedam. Trije jier letter waard de mûne ûnttakele en yn 1962 folge de folsleine ôfbraak.

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1795 1859 1869 1879 1889 1899 1920 1930 1947 1971 1995 1999 2006 2021
Ynwenners 168 190 179 215 218 207 246 158 279 230 185 240 233 196

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.

  1. Alle Cijfers

  Iemsdelta  
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
  ·   ·