Baamsum
Baamsum is in buorskip yn it noarden fan de provinsje Grinslân. Baamsum leit oan de dyk fan Woldendorp nei Termunten. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1990 hearde er by de gemeente Termunten, dêrnei oant 2021 by de gemeente Delfsyl en sûnt dy tiid by de gemeente Iemsdelta.
De Oude Ae streamt by de buorskip lâns.
De namme komt yn de midsiuwen al foar as Bompsum en Baemzen. De betsjutting soe ôflaat wêze fan heem/hiem.
Justjes bewesten Baamsum lei oant de ein fan de 16e iuw it kleaster Menterne, ek wol it Grizemuontsekleaster neamd. It kleaster waard ein 13e iuw stifte troch muontsen fan it kleaster fan Aduard. Op it stee fan it kleaster stiet no in pleats mei de namme Grijze Monnikenklooster.