Appingedam
Appingedam is in stêd yn Grinslân. Oant 1 jannewaris 2021 wie Appingedam ek in selsstannige gemeente.
Appingedam | |
---|---|
Flagge | Wapen |
![]() |
![]() |
Sifers | |
Ynwennertal | 11.533 (2021) |
Oerflak | 25,06 km² wêrfan lân: 24,19 km² wêrfan wetter: 0,78 km² |
Befolkingstichtens | 477 / km² |
Polityk | |
Lân | ![]() |
Provinsje | ![]() |
Gemeente | ![]() |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53° 19' N 6° 51' E |
Webside | Side stêd Appingedam |
GemeenteBewurkje
De gemeente Appingedam waard mei de gemeenten Delfsyl en Loppersum mei yngong fan 1 jannewaris 2021 yndield by de nije gemeente Iemsdelta. Njonken Appingedam hearden ek de plakken Opwierde, Solwerd en Tjamsweer ta de gemeente.
SkiednisBewurkje
Appingedam wie earder de haadstêd fan it lânsdiel Fivelgoa en is ien fan de twa plakken yn Grinslân mei histoaryske stedsrjochten. Appingedam krige syn stedsrjochten yn 1327 fan de Opstalbeam, it wurdt ek wol de 12e Fryske stêd neamd.
Edzard de Grutte fan East-Fryslân woe him lânshear fan de Fryske Ommelannen meitsje. De stêd Grins keas Edzard de Grutte as beskermhear en ek de befolking fan Appingedam keas foar Fryslân. Yn 1514 waard Appingedam oerweldige troch Joaris mei it Burd (Georg fan Saksen) yn de slach om Appingedam. Suver alle ynwenners waarden deadien.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Delfsyl linkendewei de grutte buorgemeente fan Appingedam. Delfsyl ûntjoech him mei faasje ta in wichtige havenstêd. De ûntjouwing fan Appingedam gie lang sa hurd net.
FerkearBewurkje
It spoar fan Grins nei Delfsyl rint troch de gemeente Appingedam, der is in stasjon yn de haadplak. De busline (1)40 ferbynt Grins en Delfsyl en rydt troch de gemeente. Der binne oare busferbinings mei de doarpen om it haadplak hinne. De grutste diken binne de N33 (Feandam - Iemshaven), de N989 (Appingedam) en de N360 (Grins-Delfsyl).
PartnerstêdBewurkje
StedsbyldBewurkje
Keppeling om utensBewurkje
- Webside fan de gemeente Nederlânsk
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Appingedaam fan Wikimedia Commons. |