Slach by Appingedam
De slach by Appingedam wie in Fryske fjildslach en ûnderdiel fan it Saksyske Skeel. De slach fûn plak yn 1514 tusken de legers fan de Eastfryske greve Edzard de Grutte en de hartoch George fan Saksen dy't it bewâld oer Westlauwersk Fryslân, de stêd Grins en de Ommelannen hie.
Oanrin
bewurkje seksjeOp 't lêst fan de 15e iuw is der in fûle striid tusken de Skieringers en Fetkeapers. Beide sykje stipe by oare machtige hearen. Sa reitsje de Ommelannen en de stêd Grins yn in machtstriid fersile mei Appingedam as frontstêd. Yn 1501 besocht de stêd Grins fergees om Appingedam yn te nimmen. Appingedam kiest dan de kant fan Edzard de Grutte fan Eastfryslân. Wylst leit George fan Saksen syn oanspraken oangeande Appingedam foar oan it Reichskammergericht dat sûnt 1495 de heechste rjochterlike autoriteit fan it Hillige Roomske Ryk is.
Slach
bewurkje seksjeIt Reichskammergericht steld George fan Saksen yn 't gelyk. Mei stipe fan it Hillige Roomske Ryk falt George fan Saksen it Fryske Appingedam yn augustus 1514 oan. Appingedam wurdt ferdigene troch manlju en froulju fan alle leeftiden. De boargers fan Appingedam brûke siedend wetter, tarre en pikkrânsen. Mar it sterkste diel fan de fêsting, 't Bolwurk, wurdt troch de ûnderbefelhawwer ferret. De Saksen kringe ta de stêd yn en makken de Damsters ôf. Mei-inoar wienen goed 1100 Friezen dearekke troch de slach.
Neirin
bewurkje seksjeDe Slach by Appingedam wie de begjinfase fan it Saksyske Skeel. Troch it ferlies fan Appingedam hie Edzard de Grutte amper noch ynfloed yn de Ommelannen en sa wienen de kânsen foar in moderne Fryske steat ferlern.
Yn 1536 feroverje troepen fan Karel fan Gelre de stêd. Mar as Karel V Grinslân ta ûnderdiel fan syn ryk makket, wurdt Appingedam gewurde litten. De stedsmuorren fan Appingedam wurde wol fuorthelle. Appingedam is dan gjin fêsting mear.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|