Karel fan Gelre, ek wol Karel fan Egmont neamd, (Grave, 9 novimber 1467 - Arnhim, 30 juny 1538), wie hartoch fan Gelre en greve fan Sutfen.

Karel fan Egmond

Karel fan Gelre wie de soan fan Adolf fan Gelre en Katarina fan Bourbon.

Yn 1473 oerweldige Karel de Dryste Gelre, en naam er de seis jier âlde Karel fan Gelre mei nei Gent sa't dy oan it Boergondyske hof grutbrocht wurde koe. Dêrom focht Karel fan Gelre ek mei tsjin Karel VIII fan Frankryk. Yn de Slach by Betune yn 1487 waard er finzennaam en it duorre oant 1492 eart er frijkaam.

Doe't er werom kaam yn Gelre waard er dêr as hartoch fan Gelre erkend, mar om't Karel de Dryste Gelre ynnaam hie, woe keizer Maksimiliaan I Karel fan Gelre net mei Gelre beliene. Neffens him wie Karel dêrom net Karel fan Gelre, mar 'Karel fan Egmond.

 
It grêfmonumint fan Karel fan Gelre yn de Eusebiustsjerke

Yn 1505 waard Filips fan Boergonje troch syn heit, Maksimiliaan beliend mei Gelre. Filips bea oan it Karel yn efterlien te jaan, mar Karel woe de erkenning hawwe, dat hy woe Gelre allinnich fan Maksimiliaan beliend krije. Hjirop begûn Filips oan it oerweldigjen fan Gelre, oant Karel yn him syn hear erkenne. Mar doe Filips nei Spanje gie naam Karel Gelre wer werom.

Yn 1518 troude er mei Elisabet fan Brunswyk-Luksemboarch. Se krigen gjin bern.

Op it hichtepunt fan syn macht bestie syn gebiet út Gelre, Sutfen, Oerisel, Drinte, Fryslân en Grinslân (in pear stêden útsein), en hy besocht ek noch Utert yn 'e besnijing te krijen. Mar nei 1522 ferlear er de oare gewesten wer, en Hindrik fan Beieren, biskop fan Utert, stie yn 1528 de wrâldske macht fan Utert ôf oan Karel V, foar syn beskerming tsjin Gelre.

Yn dat jier, 3 oktober 1528, waard lang om let yn it Ferdrach fan Gorkum regele dat Karel fan Gelre fan Karel V beliend wurde soe mei Gelre en Sutfen, en Karel V soe ôfsjen fan syn rjochten, behalve as Karel fan Gelre gjin bern krige. Om't Karel fan Gelre yndie gjin bern hie woe er it ferdrach net tekenje, en begûn de oarloch op 'e nij. Earst 10 desimber 1536 einige de striid mei it Ferdrach fan Grave, wat Karel fan Gelre minder rjochten joech, mar dêr't Karel V it erfrjocht net yn krige.

Karel fan Gelre ferstoar 30 juny 1538. Hy leit begroeven yn de Eusebiustsjerke yn Arnhim. Hy waard opfolge troch Willem II fan Kleef.